Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ076202

Een sage (mondeling), woensdag 15 oktober 1969

Hoofdtekst

Myn wiif hie in omke, dy hienen in famke, dat woarde net goed. It bern wie sa siik as in houn.
It gebeurde wol dat omke en muoike to praten wienen jouns en dan wie der in frommeske, dat húswarre dêr dan sa lang.
Muoike tocht: dat bern kin wolris bitsjoend wêze, en doe it kessen yn 'e wein neisjen, en ja hear, doe wie 't biwiis levere: dêr sieten krânskes yn.
Doe gong omke nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge.
Hinke sei: "Soa, binne jo dêr dòch? Hwat tochten jo: wy matte der doch mar ris hinne, oars is 't miskien to let?
Nou, jo binne noch krekt op 'e tiid."
Doe makke Hinke in drankje ré en dat joech se omke mei.
"Tink der om," sei se, "ûnderweis kinne se dy it drankje wol ris ûntpakke. Pas der goed op."
Omke die 't yn 'e binnenbûse. Hy tocht: dêr is 't goed feilich.
Omke moest op 'e weromreis troch de Sweachsterbosk hinne.
't Kin wêze dat him dêr hwat takken tsjin 't boarst oankaem wienen, mar doe't er thús wie, wie 't drankje fuort.
Muoike stie 't skriemen neijer as 't laitsjen. Sy sei: "Hwat nou?"
"Hwat nòu?" sei omke, "wer hinne, hwat oars."
Omke wer nei Hinke ta.
"Kom," sei Hinke, "wiest dêr al wer. Ja, dat wist ik wol. Hiest der de hân op hâlde matten. Mar ik sil dy in nij drankje mei jaen. Nou mast der om tinke, hwant ast de drank nou wèr kwyt rekkest, kin dat my de dea kostje. Dû mast it mei beide hannen goed fêsthâlde."
Omke sette mei it twadde drankje ôf. Underweis troch de bosk hat er fornaem dat der oan syn jas lutsen waerd, mar sy koenen 't net fan him winne.
It drankje moest yn 't tsjuster komme to stean en der mochten gjin oare egen oer gean.
It bern moest der deis drippen fan ha. It knapte ridlik gau op.
Mar Hinke Kaert hie wòl in reis hawn, hwant doe't omke letter noch ris by har kaem, siet se alhiel ûnder 'e pûsten.
Sy sei: "dat gefal fan jimme bern hat my wol hwat switdrippen koste."

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een kind is ziek. De ouders zijn weleens weg en dan past iemand anders op. De moeder denkt dat het kind behekst is en bij controle zitten er kransen in het kussen. Ze gaan naar Hinke Kaert naar Nijebrêge en krijgen een drankje mee. De man doet het in zijn binnenzak maar bij thuiskomst is het flesje verdwenen. Hij gaat weer terug en houdt dit keer het flesje met beide handen vast en in het bos lukt het hem dit keer wel het flesje heel te houden. Het flesje wordt thuis in het donker gezet en er mogen geen vreemde ogen over gaan. Het kind geneest al kost het Hinke wel veel moeite.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 762, verhaal 2

Commentaar

15 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Naam Locatie in Tekst

Nijebrêge    Nijebrêge   

Sweachsterbosk    Sweachsterbosk   

Zwagerbosch    Zwagerbosch   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21