Hoofdtekst
To Feanwâldsterwâl wenne in frou, dy wie bitsjoend. Us heit wie galanterykoopman en ried mei de hounekarre. Doe sei dy bitsjoende frou tsjin heit: "Soenen jo foar my nei dat boerke to Eastemar gean wolle? Miskien kin dy my helpe. Dan matte jo him hjir hinnehelje."
"Goed," sei heit, "dat wol ik wol foar jo dwaen."
Doe hat heit dat boerke ophelle op syn hounekarre. Sy moesten de Iebele-reed lâns, dat wie fan Quoatrebras nei Feanwâldsterwâl. It boerke siet op 'e karre.
Doe sei 't boerke: "Jo matte aenst àl in bytsje foarsichtich, hwant sy wachtsje hjir op my."
Gjin tsien meter fierder rekke heit mei de karre oer de kop, mei 't boerke en alles hwat der op wie. De karre waerd wer oerein set en 't boerke kaem wer op 'e karre.
Sa kommen se by dy frou to Feanwâldsterwâl. Dêr helle 't boerke in hoanne fan fear út har holkessen. Doe't dat der
út wie en de frou in drankje krige wie se gau wer better.
Heit moest it boerke wer nei hûs ta bringe. Doe't se wer op itselde sté kamen, gong de karre wer oer de kop.
Fierder hienen se gjin lêst hawn

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een vrouw uit Veenwouderwal is behekst en vraagt mijn vader of hij een boer uit Oostmeer wil ophalen, die haar misschien kan helpen. Onderweg op de Iebelestraat waarschuwt de boer dat de heks hen opwacht en even later wordt de kar omver gegooid. De boer haalt uit het hoofdkussen van de vrouw een haneveer en geeft haar een drankje. Ze wordt snel beter. Op de terugweg worden ze op dezelfde plaats weer omver gegooid.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 762, verhaal 3
Commentaar
15 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek EN SINSAG 0542: Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Overig in Tekst
Iebele-reed   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Eastermar   
Oostermeer   
Veenwouderwal   
Iebelestraat   
Quatrebras   
Iebelestraat   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21