Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077501

Een sage (mondeling), donderdag 16 oktober 1969

Hoofdtekst

Us heit wie noch mar even troud. Sy hienen in jonkje, dat wie Gerryt, dy wie doe sa'n twa jier âld. Ik haw him net kend, ik bin folle letter geboaren.
Lytse Gerryt woarde bot siik. Doe gong heit nei Kûkherne ta, nei Wopke. Doe wie 't jonkje al hiel min. Hy gong to foet nei Kûkherne ta.
Heit lei Wopke út hoe't it mei 't bern gesteld wie. Wopke makke in drank klear. Hy sei tsjin heit, sadré er thús wie moest lytse Gerryt dêr in leppelfol fan ynnimme.
Doe't heit thús wie sette er de drank op 'e skoarstienmantel. Doe sprong de koark der ôf, dy fleach troch de hiele keamer hinne.
Doe't mem dat seach, sei se: "Sjoch, it jonkje is bitsjoend."
It bern woarde noch minder. De duvelbander hie sein, it bern hie hwat by him, dat moest dêr wei. Hy moest earst spuije. Mar hy spuide net.
Doe sei mem tsjin heit: "Dû mast wer nei Wopke ta. Astû 't net dochst, gean ik sels hinne."
"Né," sei heit, "ik gean hinne." Hy roan sa hurd, dat hy wist sels net hoe fluch hy der kom wie.
"Hwat nou?" sei Wopke.
"Myn wiif seit, it bern is bitsjoend", sei heit.
"Dat kin bêst wier wêze", sei Wopke. "Wennet der ek ien tichte by jimme, dy't fordacht is?"
"Wy wenje yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema," sei heit, "wy ha in âlde buorfrou -"
"Dy kin 't wolris dien ha", sei Wopke.
Doe sei er: "Jimme matte it bern tonei in leppelfol drank méár jaen. Dan sil er, hoop ik, opknappe. Mar dêr bin 'k net wis fan. Yn elk gefal, dan mat er spuije."
Wopke krige gelyk, it jonkje spuide.
Hy spuide levende krobben út it lichem wei, hat mem letter faek forteld.
Mar 't bern woarde net better, it stoar.
Doe't heit foar de twadde kear nei Wopke ta west hie, hie Wopke sein: "De earste de bêste dy't nou aenst by jimme komt, matte jimme der út jeije, en fluchop, hwant dat is de moardner. Dy hat it bern bitsjoend."
't Wie in âld-minske fan sechstich jier: Frearke Tiet wie it.
Hja sei tsjin mem: "Hoe is 't mei 't jonkje, Tytsje?"
Sy bleau yn 'e keamersdoar stean.
Mem krige in tange en hat har dêr ûngewosken mei op 'e hûd jown. Sy raesde it út, doe't se útnaeide.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Als Gerrit ziek wordt gaat vader naar Wopke in Kûkherne, die hem een drankje meegeeft. Als vader het op de schoorsteenmantel, vliegt de kurk eraf en vliegt door de kamer. Moeder denkt dat het kind behekst is. Het kind wil maar niet spugen en bij een tweede bezoek vraagt Wopke naar verdachte personen uit de buurt. Er woont een oude vrouw. De dosis wordt verhoogd en het kind spuugt eindelijk levende krabben uit, maar sterft toch. Hij moet ook van Wopke de eerste persoon die naar het kind vraagt wegsturen, want dat is de dader. Het is Frearke Tiet die door moeder uit huis wordt gejaagd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 775, verhaal 1

Commentaar

16 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Gerrit    Gerrit   

Gerryt    Gerryt   

Frearke Tiet    Frearke Tiet   

Tytsje    Tytsje   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Smoarhoeke    Smoarhoeke   

Smoorhoek    Smoorhoek   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21