Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077502

Een sage (mondeling), donderdag 16 oktober 1969

Hoofdtekst

Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze?
Hja wie der op út to tsjoenen.
Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west.
De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't se thúskom en op bêd soe, sei se tsjin har man: "Hwat hastû dien? 't Hiele bêd is wiet."
Hy sei: "Ik ha dat ding trochstutsen."
Doe sei se: "Dat wie myn siele."
Doe sei er: "Dû smoarge tsjoenster, dan bistû dea."
"Né," sei se, "ik bin net dea."
It bern dat se bitsjoend hie en dêr't se dy nachts west hie, wie de oare moarns dea. Dêr krige dat minske de skuld fan.
De man en de frou rekken by elkoar wei. Hy sei, hy woe net by in tsjoenster wêze. Hy tocht: Sy kin my ek noch wolris bitsjoene.
Letter binne se wer byelkoar rekke.
Dit gebeurde yn 'e Smoarhoeke.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

De moeder van Janne Heabel is ook een heks en op een nacht wordt haar man wakker en ziet alleen een pens liggen. Zelf is ze weg. Zo wordt ze ontmaskerd en haar man steekt een mes in de pens. Er loopt allemaal water uit en als de vrouw terugkomt vraagt ze waarom het bed nat is. Hij beschuldigt haar een heks te zijn en verlaat haar. Het kind van het nachtelijke tochtje gaat dood en daar krijgt ze de schuld van. Later zijn ze toch weer bij elkaar gekomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 775, verhaal 2

Commentaar

16 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek & TM 3110 De pens in het bed

Naam Overig in Tekst

Janne Heabel    Janne Heabel   

Naam Locatie in Tekst

Smoarhoeke    Smoarhoeke   

Smoorhoek    Smoorhoek   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21