Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078102

Een sage (mondeling), maandag 06 oktober 1969

Hoofdtekst

Ik wie ris oan 't fervjen by Sjoerd Visser yn Bûtenpost.
Syn heit Gjert Visser wie hjir geboaren en getogen dat wy koenen skoan meielkoar prate. Wy krigen it oer tsjoenderije ensa. Doe fortelde Sjoerd my: "Myn heit Gjert Visser hie hwat buorkerije en tagelyk wied er ek sa'n bytsje fékoopman.
Hy hie ris trije biggen kocht: twa swarte en ien witen-ien. Dy hienen wy yn in hok mei strie. Mar dy biggen woenen net groeije, sy makken it min.
Doe sei heit op in dei: dy biggen matte mar fuort. Freed bring ik se nei de merk ta.
Ik wie doe noch in jonge, sei Sjoerd. Heit sei tsjin my: Nou mastû 't bargehok skjin meitsje. Ik kom mei in stik of hwat biggen werom, dan kinne dy yn 't frisse, skjinne hok.
Ik bigong it strie út it hok to krijen. En doe foun ik twa krânsen, sa moai roun en glêd, as wienen se yn in fabryk makke woarn, fan swart en wyt hier. Sy sieten ûnder 't strie yn in hoeke fan 't hok.
De foarige biggen hienen bitsjoend west, dat wie nou dúdlik. Dêrtroch hienen se net groeije wold.
De nije biggen groeiden as koal.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Als ik aan het verven ben bij Sjoerd Visser in Buitenpost, vertelt Sjoerd dat zijn vader boer en veekoopman is. Hij koopt een keer drie biggen (twee zwarte en een witte), die niet willen groeien. Hij wil ze weer verkopen en nieuwe kopen terwijl Sjoerd het hok moet schoonmaken. Bij het weghalen van de modder vindt Sjoerd twee kransen onder de stro. De vorige biggen zijn behekst geweest en de nieuwe groeien als kool.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 781, verhaal 2

Commentaar

6 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Sjoerd Visser    Sjoerd Visser   

Gjert Visser    Gjert Visser   

Naam Locatie in Tekst

Bûtenpost    Bûtenpost   

Buitenpost    Buitenpost   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21