Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078103

Een sage (mondeling), maandag 06 oktober 1969

Hoofdtekst

By uzes thús wie ris ien fan 'e bern siik. Heit wie yn Grinslân op 'e klaei oan 't wurk, mem wie allinne by de bern thús. It sike bern lei by har op bêd. It wie der net bêst oan ta. It gûlde en jammere wit hoe faek.
Doe't it even stil wie, fornom mem in biweging ûnder 't kessen, krekt as slierde der hwat.
Doe tocht mem: it bern kin wolris bitsjoend wêze, en sy gong nei greate Wopke ta to Kûkherne. Hja fortelde him de hiele tadracht en doe joech Wopke har dizze rie: Sy moest it wetter fan it bern yn in pot opheine. Dêr moest se nuddels en spjelden by dwaen en dan it hiele saekje oerdwaen yn in panne. En dan moest se alles krekt salang siede dat it barstte. It moest droechsiede. Dan wie 't bern klear. Hja hat it dien en it bern wie genezen.
Ien fan Twizelerheide sei: "Dat bern is bitsjoend troch âlde Wigers Syts. Dy komt faek by jimme. Jo matte hinnegean en liz duveldrek ûnder 'e drompel."
De oare deis kom âlde Wigers Syts. Dy soe freegje hoe't it mei 't bern wie. Mar sy koe net oer de drompel komme, sy trappele en sy trappele der mar foar om. Op 't lêst sette se wer ôf.
Doe wisten se by ús hwa't de tsjoenster wie.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een kind is ziek en moeder is alleen thuis. Dan ziet ze opeens een beweging onder het kussen en vermoedt dat het kind behekst is. Ze bezoekt Wopke die haar aanraadt urine van het kind in een pot te doen, naalden en spelden toe te voegen, het geheel in een pan te doen en het vervolgens te laten koken totdat het barst. Het kind geneest hierna. Iemand zegt haar dat Wigers Syts de heks is en raadt haar aan duivelsdrek onder de drempel te leggen, dan kan ze er niet overheen. Ze blijkt inderdaad een heks te zijn en blijft voor de drempel staan.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 781, verhaal 3

Commentaar

6 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Grinlân    Grinlân   

Wigers Syts    Wigers Syts   

Naam Locatie in Tekst

Groningen    Groningen   

Kûkherne    Kûkherne   

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21