Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110621

Een mop (mondeling), maandag 15 april 1974

Hoofdtekst

In boereplaets stie hwat achterôf oan in âld reed. De boer, dy't dêr wenne, bimuoide him noait mei de frou. De man hie 't fierstento drok mei 't boerewurk, dat hy forwaerloazge syn frou nachts op bêd. De faem wist dêr fan. De frou bipraette altyd alles fortroulik mei de faem. Doe praetten dy beide togearre ôf, dat, as de boer wer ris in kear nei stêd ta moest, dan soenen se de dokter oanroppe. En sa gebeurde it. Doe't op in kear de boer nei stêd ta wie, gong de faem nei de dokter. Hja frege of er even komme woe.
De dokter kaem en de frou en de faem leinen út hwat der oan 'e hân wie. "Hy is altyd like kâld," sei de frou, "der is neat oan." De faem sei: "Der mat hwat oan dien wurde."
Dokter sei: "Ik wit wol rie. Ik jow jim fyftsjin tabletten. Dêr matte jim him elke dei trije fan jaen. Dan kom ik mei in pear dagen wol even wer."
Mar de frou en de faem seinen tsjin elkoar: "Wy jowe him gjin trije tabletten, mar seis."
"Dan sil er wol foroarje", sei de faem.
Dat gebeurde. Hja dienen stikum de tabletten yn 'e brij en wachten ôf.
De twadde deis wie de boer al sa oerstjûr, dat der wie gjin rie mear ta. Hy pakte de iene nei de oare.
De trêdde deis, doe't er mei wurksumheden op it lân oan 'e gong wie, kom de dokter by de beide froulju.
"Wel, hoe giet it?" frege er.
"Och heden, dokter," sei de frou, "hy is net mear ho hâlden. Hy hat ús beiden al trije kear to pakken hawn, en justerjoun siet er op 'e baerch. En, of jo it leauwe wolle of net, fan 'e moarn fjouwer ûre siet er al by de hinnen op 't rip en de hoanne hie er yn 't hok opsluten."

Beschrijving

Een boerin raadpleegt de dokter omdat haar man seksueel geen enkele interesse in haar toont. Als de boer tabletten voorschrijft, verdubbelt de vrouw de door de dokter voorgeschreven dosis om er zeker van te zijn dat haar man zal veranderen. De seksuele behoefte van de man wordt nu echter zo groot dat hij iedereen - zelfs dieren - te pakken neemt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 21 (archief MI)

Commentaar

15 april 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21