Hoofdtekst
As der ien bitsjoend wie, gongen se faek nei in duvelbanner ta. Dat wie meastal Wopke fan Kûkherne.
Dêr wie in frou, dy har bern wie bitsjoend. Hja wenne hjir tichte by yn 'e Westerein. In âld minske hat it ús wol forteld.
Dat minske gong nei Wopke ta. Hja krige in drankje mei. Wopke sei tsjin har: "Nou matte jo aenst op jou iepenst wêze. Aenst op 'e brêge komt der jo ien tomjitte, en dy wol om jo hinne kringe om jo yn 't wetter to krijen. Jo matte goed op it fleske passe, dat jo by jo ha.
Tink der om, dyselde dy't jo yn 't wetter kringe wol, dy mei dat fleske net sjen. En jo matte der op passe dat it net stikken rekket.
Doe't it minske op 'e brêge kaem, hie dêr in âld wiif west, dat wie noch in âld-muoike fan my. En dat âlde wiif, dat hie mar om har hinne roun en mar om har hinne roun om har yn 't wetter to krijen. Mar sy koe 't net rêdde, 't minske hâldde 't op fuotten.
It drankje bleau hiel en it bern waerd wer better.
Mar dat âld wiif dêr op 'e brêge, dy âld-muoike fan my, dat wie de tsjoenster.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een moeder van een betoverd kind raadpleegt Wopke de duivelbanner. Wopke geeft de vrouw een drankje mee maar maant de vrouw goed op het medicijn te passen. Iemand zal proberen de vrouw in het water te gooien om haar het flesje afhandig te maken, aldus Wopke. Wopke drukt de vrouw verder op het hart het drankje niet aan die persoon te laten zien. Wopkes voorspelling komt uit: als de vrouw op de brug loopt, komt een oud mens - de heks - haar tegemoet. De vrouw slaagt erin het drankje heel thuis te krijgen en het kind geneest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1115, verhaal 20 (archief MI)
Commentaar
28 juni 1974
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21