Hoofdtekst
Myn man hie in suster, dy wie siik. In soan fan har siet yn Frankryk.
Dy skoansuster woarde minder en doe sei de dokter, sy moest nei Grins ta op ûndersiik. Dat wie yn dy tiid in hiele reis en in hiele útris.
De tiisdeis moest se der hinne.
Ik sei de moandei-to-jouns tsjin myn man: "Ik mei aenst wol ris by Atsje sjen, hwant net to witten of se dêr net yn Grins bliuwe mat."
Dat ik rekke dêr dyselde jouns noch hinne. Doe't ik dêr kaem, doe siet dêr in buorwiif. Dat wie in âlde tange, dêr hie ik it net op stean.
Doe sei Atsje tsjin my: "Nou mast ris sjen, hwat ik út it bêd helle ha."
Hja hie 't yn in krante boppe op 'e kast lizzen.
Doe lei se 't foar my del. 't Wie noait liker as wie 't in murd (bunzing). 't Hie in kop en fjouwer poatsjes en in sturt. Mar der ûntbriek noch wol hwat oan 't iene poatsje en oan 'e sturt. 't Wie hielendal fan fearkes en dêr wie allegear lapkeguod en sa yn binaeid. Dat wie allegear guod fan 'e kleantsjes fan twa fan har famkes (dat wienen twillingen).
Ik rekke nei hûs ta en ik fortelde alles oan myn man.
Hy sei: "Ik wol der fuort hinne." Wy wienen der beide wis fan dat syn suster bitsjoend wie. En ik fortocht dat minske der fan.
Myn man is op 'e knibbels by dy murd lizzen gien om him goed to bisjen.
Mar syn suster is stoarn. Hja is deatsjoend.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een zieke vrouw blijkt betoverd. Uit haar bed wordt een bunzing gehaald van veren en garen. De bunzing is genaaid van stof afkomstig uit kleren van de tweelingsdochters van de zieke vrouw. De zieke vrouw bezwijkt uiteindelijk en blijkt betoverd door de buurvrouw - een heks.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1115, verhaal 21 (archief MI)
Commentaar
28 juni 1974
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Atsje   
Naam Locatie in Tekst
Frankrijk   
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21