Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111907

Een mop (mondeling), woensdag 24 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie nei de merk ta west, dêr hie er fé forkocht en nou hied er aerdich hwat jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in stik sjitark yn 'e hân en dy sei: "Halt! Je geld of je leven."
Doe sei dat boerke: "Jo kinne myn jild wol krije." "Mar," sei er, "as ik nou aenst forantwurding dwaen mat oan myn wiif, dan leaut dy my net. Soenen jo dêrom even troch de lofter slippe fan myn jas sjitte wolle?"
Dêr makke de rover gjin biswier tsjin.
"Nou troch de linker slippe?" frege de boer.
Dat gebeurde ek.
"Nou troch dizze mouwe?"
"Goed", sei de rover.
"En nou troch de oare?"
Doe hie de rover noch ien kûgel.
"Dy troch de hoed", sei de boer.
Mar doe't de rover de lêste kûgel forsketten hie, pakte de boer him by 't boarst en sei: "Sesa, heite, mei dy doar ik nou wol to fechtsjen." En hy seame dy rover sa ôf, dat dy mar amper mear rinne koe.

Onderwerp

AT 1527A - Robber Induced to Waste his Ammunition    AT 1527A - Robber Induced to Waste his Ammunition   

ATU 1527A - The Robber Disarmed    ATU 1527A - The Robber Disarmed   

Beschrijving

Een boer staat plotseling oog in oog met een rover die hem dreigend 'je geld of je leven' toeroept. De boer zegt hierop dat de rover zijn geld kan krijgen, maar dat hij nog een speciaal verzoek heeft: de boer vermoedt dat zijn vrouw hem niet zal geloven als hij verantwoording aan haar moet afleggen en vraagt de rover daarom of hij een gat in de rechterslip van zijn jas wil schieten als 'bewijs'. De rover stemt toe. Vervolgens vindt de boer de rover bereid nog vier kogels af te vuren: door de linkerslip van de jas, door de beide mouwen en door de hoed. De slimme boer heeft er zo voor gezorgd dat de kogels van de rover opraken. Hij pakt de schurk vervolgens direct bij zijn lurven en tuigt hem helemaal af.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1119, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

24 juli 1974
Robber Induced to Waste his Ammunition

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21