Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111914

Een mop (mondeling), woensdag 24 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in earme húshâlding yn in doarp. Op in joun gongen de heit en ien fan syn jonges der op út to stellen. Se soenen in skiep stelle en dat soenen se togearre slachtsje op it tsjerkhôf.
De jonge bleau op it tsjerkhôf achter wylst de heit om it skiep út wie.
Flak by 't tsjerkhôf stie de pasterije, dêr wenne de doomny yn.
De koster moest alle jounen de klok liede op it tsjerkhôf. Mar dy koster wie hwat bang útfallen. Hy miende dat it dêr op it tsjerkhôf spûke jouns, en dêrom doarst hy dêr allinne net hinne. Doe't er dat tsjin 'e doomny sei, woe dy him wol biselskipje. Mar dy doomny hie 't oan 'e skonken en koe net rinne. De koster wie in sterke keardel, dy't de doomny bêst drage koe. En sa gebeurde it dat elke joun de koster, mei de doomny op 'e rêch, nei it tsjerkhôf tagong to kloklieden. Dat wie ek it gefal doe't dy jonge dêr stie to wachtsjen op syn heit.
Doe't dy jonge dêr ien oankommen seach mei hwat oer 't skouder, tocht er net oars of dat wie syn heit mei it skiep en hy rôp gau: "Is er fet, heit? Is er fet?"
De koster waerd sa binaud, dat hy sei: "Fet of net, mar dêr leiste." Hy liet de doomny oer 'e groun rûgelje en hy sette sokken.



Onderwerp

AT 1791 - The Sexton Carries the Parson    AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   

ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.    ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   

Beschrijving

Een arme jongen vergezelt zijn vader als die noodgedwongen uit stelen moet gaan. Ze zullen een schaap stelen en het dier vervolgens slachten op het kerkhof. De jongen wacht op het kerkhof terwijl de vader het dier steelt. Wat de jongen niet weet, is dat vlakbij het kerkhof de pastorie staat waar de dominee woont. De dominee stuurt de koster er iedere avond opuit om de klokken te luiden. Omdat de koster erg bang is omdat het op het kerkhof zou spoken, begeleidt de dominee hem als hij de klokken moet luiden. Omdat de dominee slecht ter been is, draagt de koster de dominee altijd op zijn rug. Als de jongen de koster met de dominee op de rug ziet naderen, is hij in de veronderstelling dat het zijn vader is met het schaap op de rug. Hij roept zijn vader 'is het een vette?' toe. De koster laat van schrik de dominee op de grond vallen en zet het op een lopen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1119, verhaal 14 (archief MI)

Commentaar

24 juli 1974
The Sexton Carries the Parson

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21