Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111915

Een mop (mondeling), woensdag 24 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in boerefeint yn tsjinst by in boer. Dy feint krige mei thétiid altyd in boltsje, lyk as de boer en de frou ek. Mar der wie hwat mei dat boltsje.
De boerinne helle altyd it binnenste (middelste) út dat boltsje wei en de kanten sette se dan op elkoar, sa dat it net to sjen wie. Dat krige de feint elke dei. Hja tochte fansels dat er dêr gjin erch yn hie. Mar de feint murk it wol deeglik fansels. It bigoun him to forfelen, en hy tocht: Hoe krij ik dat oars?
De boer die altyd in gebet by de tafel.
Op in kear frege de feint: "Boer, mei ik ek ris bidde?"
De boer hearde forheard op, hy wist net hwat er hearde, hwant it wie gjin gewoante dat in feint by de tafel bidde. Mar hy sei: "Astû dat wolste, it is my goed."
Doe krige de jonge it boltsje, dat fan binnen útholle wie, en sei:
"Heare, segenje dizze stút.
Ik krij de beide koarsten,
mar it middenste is der út."

Beschrijving

Een boerenknecht krijgt bij de thee altijd een bolletje, maar de sluwe boerin holt het bolletje altijd van binnen uit. De knecht besluit het bedrog aan de orde te stellen in het gebed. Tijdens de maaltijd bidt hij: 'Heer, zegen dit stuk brood, ik krijg de beide korsten, maar het middenstuk is eruit'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1119, verhaal 15 (archief MI)

Commentaar

24 juli 1974

Naam Overig in Tekst

Heare    Heare   

Heer    Heer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21