Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112532

Een mop (mondeling), dinsdag 06 augustus 1974

Hoofdtekst

't Wie yn 'e tiid dat de brantstof tige krap wie. It gebeurde to Hallum dat der op in dei in man ergens by de doar kaem mei in karfol hout.
De papegaei stie yn in kouwe yn 'e gong.
De man rôp by de doar, of dêr ek hout wêze moest.
"Ja", sei de papegaei.
De man miende dat de frou him antwurde en sei:
"Hoefolle?"
"De hele fracht", sei de papegaei.
De man forstie it net to goed en frege: "Hwat matte jo ha, de heale of de hele fracht?"
"De hele fracht", sei de papegaei, nou dúdliker.
De man brocht it hout by dy lju yn 'e skuorre.
Wylst er drok oan 't útladen wie, seach de mynhear him, dy't dêr wenne. Hy sei tsjin mefrou: "Wat moeten wij met dat hout allemaal? Heb jij dat besteld?" "Ik niet", sei mefrou.
"Nu, ik ook niet," sei mynhear, "maar wie het dan wel gedaan heeft zou ik wel eens willen weten."
Doe gong mefrou in ljocht op. "Dan het dy papegaai it daan", sei se.
De mynhear gong doe nei de man ta. "Moat dat hout hjir wêze?" frege er.
"Ja," sei de man, "jimme ha ommers de hele fracht besteld?"
"Niets van waar", sei mynhear.
"Nou," sei de man, "bitink jo dan mar ris goed. Ik frege noch: de hele, of de heale fracht. It antwurd wie: de hele fracht.
"Dan heeft die papegaai dat daan", sei mynhear. "Wy hâlde dit hout en ik sil it jo betelje, mar ik sil dy papegaai geweken nimme."
Doe gong er nei de kouwe fan 'e papegaei ta en hy joech it dier sa'n trewinkel, dat it waerd kreupel.
In pear dagen letter kaem dêr in man by de doar, dy wie kreupel.
De papegaei seach dêr ris nei en doe sei er tsjin dy man: "Hout kocht, denk?" (ek wol: "Heeft u ook hout gekocht soms?")
Dit is wier yn Hallum gebeurd.

Onderwerp

AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy    AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   

ATU 0237 - The Talking Parrot    ATU 0237 - The Talking Parrot   

Beschrijving

Een papegaai bootst de stem van zijn baas na en geeft een koopman opdracht een hele wagenvracht hout af te leveren. Als de baas verneemt dat de papegaai al het hout besteld heeft, geeft hij het dier zo'n vreselijke oplawaai dat het kreupel wordt. Als er een paar dagen later een kreupele man aan de deur komt, zegt de papegaai prompt: 'Ook hout gekocht?'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 32 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1974
Magpie Tells why Sow is Muddy

Naam Locatie in Tekst

Hallum    Hallum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21