Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112534

Een sage (mondeling), dinsdag 06 augustus 1974

Hoofdtekst

Der wie in jonge, dy tsjinne by de boer. De boer miende dat dy jonge hwat oan 'e ûnnoazele kant wie, mar dat wie sa net.
Op in kear woe dy boer in grap mei dy jonge ha.
Hy stjûrde dy jonge dêr en dêr hinne en sei, dat er de golskjirre helje moest.
Doe gong dy jonge nei in stik of fjouwer boeren ta, dy't op 'e rûmte wennen. Hy sei tsjin al dy boeren itselde: Moarn-to-middei om twa ûre wurde jo en jou frou forwachte by de boer to thédrinken.
It soe in gesellige dei wurde.
De oare deis kamen dy minsken alle acht delsetten. Allegearre yn tilbry's en mei hynders der foar. De boer en de frou stienen op it hiem achter hûs en dy tochten: hwat soenen dy minsken matte - dy komme dizze kant út. Hja stienen der nei to sjen en doe kamen se allegearre dêr by har op it hiem.
"Nou," seinen de lju, "dêr wienen wy al. Wy wienen útnoadige om hjir twa ûre to wêzen."
De boer sei forbaesd: "Hwa hat dat sein?"
"Dy jonge dy't by jo is, dy hat by ús west," seinen se, "wy moesten hjir komme to thédrinken."
Doe sei de boerinne: "Hat dy jonge dat dien?"
Doe klaude de boer him achter de earen en sei: "Nou haw ik it wol yn 'e gaten. Ik hie him stjûrd om 'e golskjirre."
Doe rôp er de feint. "Piter, kom dû hjir ris!"
"Dêr wie 'k al boer", sei Piter.
"Hjir steane fjouwer pearen op it hiem, Piter."
"Ja boer," sei de jonge, "dat kloppet. Dat is it antwurd op 'e frage om 'e golskjirre."
't Wie lear om lear.
Dit is wier gebeurd.

Beschrijving

Een boer wil zijn - naar zijn mening onnozele - knecht te pakken nemen en stuurt hem uit om iets te halen wat helemaal niet bestaat. De knecht heeft in de gaten dat de boer hem voor de gek probeert te houden en zegt tegen vier boeren dat zij met hun vrouwen bij de boer verwacht worden om gezellig thee te drinken. De verbaasde boer begrijpt dat zijn knecht toch niet zo onnozel is.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 34 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1974

Naam Overig in Tekst

Piter    Piter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21