Hoofdtekst
It wie yn 'e Dútse tiid. De jonge bazen rounen altyd gefaer of se oppakt wurde koenen. Hjir op 'e Bûterwei wienen altyd guon dy't nachts de wacht hâldden. As der ûnrie oankaem, koenen se de oaren gau warskôgje. De iene nacht hâldden dizzen de wacht, de oare nacht dy. Op in nacht wienen it myn soan en Kees, in soan fan ien fan 'e buorlju.
Hja sieten togearre achter 'e hage en smookten in sigretsje. Doe sei Kees: "Hark, hearst dat?"
"Ik hear neat", sei myn soan.
"Der wurdt 'help!' roppen", sei Kees.
"Ik hear it net", sei myn soan. "Ik haw in goed gehoar, it sil wol forbeelding fan dy wêze."
"Om 'e donder net," sei Kees, "it is in hiel klaeglik lûd as fan ien dy't yn greate need sit."
It duorre even, doe sei Kees: "Hark, dêr ropt wer dyselde om help."
Der forrounen in pear wiken. It wie op in moarn, der lei gâns snie. Wy wienen krekt fan bêd ôf. 't Wie tsjuster. Myn man soe de jiskebak leegje. Dêr hearden wy beide hiel oatmoedich om help roppen. "Dy is der net bêst oan ta", sei 'k. Mar myn man sei: "'t Binne oanslaggen fan jongelju, dy't mei de trein geane. Dy tjirgje har."
Wy hearden noch in pear kearen deselde gjalp. Doe ried de trein fuort.
Mar doe't dy fuort wie hearden wy 't wer. Ik sei: "Dit doocht net. Der sit ien yn noed."
"Ik mei der wol hinne", sei myn man.
It wie in freeslik lûd, en 't waerd al swakker en swakker.
't Wie glêd. 't Wie hjir flakby. Myn man moest troch de sleat, mar dy wie rûch biferzen. Doe moest er by de kant op krûpe, om by de rails to kommen.
Hy hie de bûslantearne meinaem.
Doe't er op it plak kaem, dêr't it roppen weikaem wienen omke (dy wenne njonken ús) en Kees der ek al.
"Dat wie 't selde lûd", sei Kees.
Dêr lei ien. Myn man ljochte him op 'e kop.
"Hwa is 't?" sei er.
Doe neamde omke syn namme. "'t Is Japik", sei er. 't Like ôfgryslik. It fleis wie út 'e kûten wei.
Hy joech noch in pear snokjes, krekt as woed er hwat sizze, mar hy koe net. Doe wie er dea.
Even fierder lei in jekker, in hoed en in giel notysjeboekje. Doe sei myn man: "It is Japik net. It is net ien oars as Gerrit Hekstra."
Gerrit Hekstra wie koopman yn textyl. Hy hie dy moarns mei de trein wold, mar wie oan 'e lette kant. De trein ried al, doe hie er it portier noch beetpakt. Mar troch de glêddens fan 'e snie wie er útgliden en sa wie it ûngelok gebeurd. Ik hear soms dat lûd noch wol. Freeslik wie 't.

Onderwerp
SINSAG 0488 - Weit-hören   
Beschrijving
Ten tijde van de Duitse bezetting stonden er 's nachts altijd veel jongemannen op wacht om eventueel onheil te bespeuren. Twee jongens horen op één van die nachten heel duidelijk een klaaglijke stem om hulp roepen. Een echtpaar hoort op een ochtend herhaaldelijke malen hetzelfde geroep van iemand in nood. Als het stel op het geluid afgaat, vinden ze iemand die onder een trein geraakt is toen hij in zijn haast op een rijdende trein probeerde te springen. Het slachtoffer overlijdt kort daarna. De eerdere geluiden in de nacht zijn een voorbode geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1126, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
8 augustus 1974
Weit-hören
Naam Overig in Tekst
Kees   
Japik   
Gerrit Hekstra   
Tweede Wereldoorlog   
Duitse   
Naam Locatie in Tekst
Dútse   
Bûtenwei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21