Hoofdtekst
Der wie in faem, dy hie har mem forlern. Dêr moest in mis foar útskreaun wurde. Dat moest dan bitelle wurde. Doe gong dy faem nei de pastoar ta.
Hja gong by de tafel sitten. Wylst bigjint de pastoar to bidden. Hja moest salang jild telle. Hja leit it jild, dat se meinaem hie, op 'e tafel del. Doe't se al in moai skoft teld hie, sei se tsjin 'e pastoar: "Hoe fier is 't mynhear de pastoar, hwant ik ha net folle mear."
De pastoar sei: "Noch even trochgean mei biteljen", en hy bigoun wer to bidden.
Even letter frege de faem nochris wer: "Hoe fier binne jo nou, hwant it jild is hast op. Ik ha mar in bytsje mear." Doe sei de pastoar: "Noch justjes even troch telle, hwant jimme mem is al mei ien foet yn 'e hemel."
Doe sei se: "As mem der mei ien foet yn is, dan ken ik ús mem sa goed wol, dat se de oare der ek wol ynlûkt." En doe struts se alle jild wer nei har ta. Hja sei: "Nou bin ik seker dat ús mem toplak is." En hja gong mei 't jild wer fuort.

Onderwerp
VDK 1755A* - Pastoor bidt iemand uit het vagevuur: "Hij is er bijna."   
Beschrijving
Een inhalige pastoor vraagt aan een meisje dat haar moeder heeft verloren steeds meer geld om - al biddend - een plek in de hemel voor de overledene zeker te stellen. Als het geld van het meisje bijna opraakt en zij vraagt hoe ver de moeder al is, zegt de pastoor dat zij nog even moet doorgaan met betalen omdat de vrouw al met één voet in de hemel staat. Het meisje is er nu zeker van dat haar moeder de andere voet ook in de hemel zal krijgen en pakt al haar geld weer terug.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1131, verhaal 28 (archief MI)
Commentaar
22 augustus 1974
Pastoor bidt iemand uit het vagevuur: "Hij is er bijna."
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21