Hoofdtekst
Yn Ljouwert waerd in film fortoand, dy wie foar alle leeftiden. De portier bringt de minsken ornaris toplak en dat gebeurde dy jouns ek. Hy hat dan in bûslampe by him.
Mar dy jouns doe't er dat wer die, kaem der ynienen in frommes útfleanen en dy rôp: "Hjir kom ik noait wer!"
De portier tocht earst: Dat minske is net goed mei de holle. Mar even letter kaem der wer in frommeske útrinnen, alhiel fan 'e wize. En dy rôp ek: "Ik kom hjir noait wer!" Doe tocht de portier: "Ik mei wolris sjen."
Doe't hy der hinne soe, fleach der hals oer de kop al wer in frommes út.
De portier stie forbaesd. Hy tocht: Hwat mei dit bitsjutte. Hy knipte de saklantearne op. Doe't hy der yn kaem, hearde hy hwat op 'e groun stommeljen.
Doe seach er dat der in âld man mei in keale holle op 'e flier om krûpte, tusken 'e stuollen yn.
De portier sei: "Hwat dogge jo dêr?"
"Ik ha niis de pet ôfset," sei dy âld man, "en doe is de prûk oer de groun fallen. En dêr siikje ik nou om. Ik haw al in stik of trije beet hawn, mar dy sieten allegear fêst."

Beschrijving
Een werknemer van een bioscoop die mensen naar hun plaats begeleidt is erg verbaasd dat er drie vrouwen achter elkaar hysterisch gillend de bioscoop verlaten. Even later blijkt dat er een oude man tussen de stoelen over de vloer kruipt. De oude man is toen hij bukte zijn pruik verloren en is daar nu naar op zoek. Hij verklaart al een stuk of drie pruiken vast te hebben gehad, maar die pruiken bleken allemaal vast te zitten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 27 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21