Hoofdtekst
Der wie in frou, dy hie in dochter. Doe't dy fan skoalle ôf kaem woe dy frou ha, hja soe noch hwat leare.
Mar dy dochter wie net ien fan 'e snoadsten, dêrom stjûrde de mem har nei de naeiskoalle ta. Naeijen kaem letter altyd goed fan pas.
Doe makke dy dochter dêr op 'e naeiskoalle in jurk foar harsels. Dêr kaem se mei thús. Hja rekke dêr oan 't passen mei dy jurk en har mem dy sei: "It is prachtich, prachtich - "
Doe sei dat fanke tsjin har mem: "Hy is wol moai, mar 't koe noch folle moaijer."
"Hoe dat sa?" frege de mem.
"Sjoch," sei 't fanke, "hjirre sit it net moai." En doe hâldde se de hân op 't boarst. "De naeijuffer hat sein, der moest in b.h. by foar. Dan siet de jurk noch folle moaijer."
"Hwat ding is dat?" frege de mem.
"Dat wit ik net," sei de dochter, "mar men kin sa'n ding foar seis goune keapje, sei de juffer."
Doe sei de mem: "Dan mastû sa'n ding mar ha."
Doe krige dat fanke seis goune mei om sa'n b.h. op 'e fyts to heljen. Mar doe't se al op 'e fyts siet, doe kloppe har mem har werom. Hja sei tsjin 'e dochter: "Hjir hast nòch seis goune, dan mast nòch ien meinimme." "Mat ik dan twa ha, mem?" frege de dochter.
"Ja," sei 't minske, "mast ek ien meinimme foar jimme heit, hwant dy bongelje de klean àl sa raer om 'e hûd."

Beschrijving
Meisje zegt tegen haar moeder dat haar zelfgemaakte jurk nog mooier zal zitten als ze er een bustehouder onder draagt. Beiden weten niet wat een bustehouder is, maar dochter mag er één kopen. Moeder geeft geld mee om ook een bustehouder voor vader mee te nemen, want zijn kleren zwabberen om zijn lichaam.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 september 1974,
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21