Hoofdtekst
Der hat in skoaijer west, dy hie syn thús yn Grou.
Op in kear kaem er fan Ljouwert ôf en soe wer nei Grou ta. Hy wie lyk as altyd rinnende. It wie striemin waer, it reinde dat it easde.
Doe kaem der him in lykwein achterop, dêr sieten twa man foarop. Dy hienen in lyk út it sikehûs weihelle en dat lei yn 'e kiste yn 'e wein.
De skoaijer wie dweiltrochwiet. Hy klom stikum achter yn 'e lykwein en gong op 'e kiste sitten, sûnder dat de beide mannen it fornaem hienen.
Doe't er dêr al in moai skoftsje sa sitten hie, treau er ynienen it swarte gordyn oan kant en sei tsjin 'e beiden dy't foar op 'e bok sieten: "Min waer, mannen, hè?"
De beiden skrokken har in ûngelok. Hja tochten: nou is 't lyk bigoun to praten.

Onderwerp
VDK 1318D* - De stem uit de doodkist   
Beschrijving
Een zwerver is zo doornat van de regen dat hij op een passerende lijkwagen springt om tenminste droog te zitten. Tijdens de tocht trekt de zwerver ineens het zwarte gordijn van de koets opzij en spreekt de beide koetsiers aan over het slechte weer. De twee koetsiers schrikken erg omdat ze denken dat het lijk is gaan praten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
De stem uit de doodkist
Naam Locatie in Tekst
Grou   
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21