Hoofdtekst
Der hat ris in koopman west, dy kaem gauris by in boer om handel. Dy koopman hie sa'n leaf hountsje en dat naem er altiten mei.
De frou en de faem fan dy boer wienen stjonkende mâl mei dat hountsje. It krige altyd allerhande lekkers fan har. "Hwat is dat in leaf beestje", seinen se. Se woenen it och sa graech hâlde.
Doe sei de frou tsjin 'e boer: "Soestû dat hountsje net fan 'e koopman keapje kinne? It is sa'n leaf dierke."
"Dat rêd ik net op," sei de boer, "hy wol dat hountsje net heal misse."
Op in kear, doe wie de boer net thús. Doe kaem dy koopman dêr wer mei dat hountsje.
De beide froulju seinen tsjin him: "Wy wolle dat hountsje sa graech fan jo ha. As wy it net fan jo keapje kinne is der dan gjin inkel oar middel dat wy it krije kinne?"
De koopman sei: "Forkeapje doch ik it net, mar ien ding wol ik wòl. Ik wol jimme beide brûke, dan meije jimme it hountsje hâlde."
Dat namen dy beide froulju fuortdaliks oan, sa graech woenen se 't hountsje ha.
Doe brûkte hy de frou en de faem elk ien kear en doe mochten se it hountsje hâlde. De koopman rekke wer fuort, sûnder houn. Hy hie syn plicht dien.
Doe sei de frou tsjin 'e faem: "As myn man nou aenst thúskomt, nergens oer prate, hear. Noait sizze hwat der gebeurd is."
Even letter kaem de boer thús.
"Ha jimme dat hountsje hjir nou?" frege er.
"Ja", sei de frou. Mar hja woe fansels net heal sizze hwat se der foar jown hie.
Mar doe sieten de beide froulju nòch in bytsje forlegen, hwant doe frege de boer: "Hoe hyt it hountsje eins?"
Dat hienen se skandelik forgetten to freegjen.
De boer sei: "Dat is suver neat. Dy koopman komt hjir wol wer. Dan freegje wy it dàn even."
In dei of hwat letter, dêr kaem de koopman al oan.
De boer wie thús. Hy waerd binnen litten.
Doe sei de faem: "Mei ik earst even?"
"Wis wol", sei de boer.
Doe sei de faem tsjin 'e koopman: "Wy wolle sa graech wite hoe't it hountsje hyt, hwant dat ha jo noch net sein."
"Nou," sei de koopman, "'t is in hiele rare namme, hear."
"Dat hindert neat," sei de faem, "siz it mar."
Doe sei de koopman: "Dat weet je kont wel."
"Nou," sei de faem, "dan de frou harres èk wol."

Beschrijving
Een vrouw en een meid willen dolgraag het schattige hondje van een koopman kopen maar de koopman wil het diertje alleen geven als hij met beide vrouwen geslachtsgemeenschap mag hebben. De vrouwen stemmen uiteindelijk toe en het hondje is daarna van hen. Als de man van de vrouw thuiskomt, vraagt die hoe het hondje heet. De vrouwen schrikken erg omdat ze dat helemaal vergeten zijn te vragen. De man besluit het de koopman te vragen de eerstvolgende keer dat die langskomt. Als de meid de koopman later vraagt hoe het diertje heet, antwoordt de koopman dat het hondje een vreemde naam draagt, namelijk 'Dat weet je kont wel'. 'Dan die van de vrouw ook' zegt de meid prompt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
Naam Overig in Tekst
'Dat weet je kont wel'   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21