Hoofdtekst
Der wie ris in man, dy hie in frou troud, dy wie sa dom as oalje. Sa nou en dan krige dat minske in pak op 'e hûd fan har man, hwant hja die sokke rare setten, dat der wie gjin ried ta. De man wie soms deaforlegen mei har.
Doe hie dy man ris op in kear in kou to keap en in hoanne. En dêr stjûrde er syn frou mei nei de merk ta. Hy sei: "Dat sil 'k mar fortrouwe. De kou mat tachtich goune opbringe en de hoanne acht dûbeltsjes. Dat kinstû wol ûnthâlde."
Doe gong dy frou mei de kou oan 't lyntsje op stap. De hoanne hie se yn in sek.
Doe't se dan op 'e merk stie mei har fé, doe kaem der al gau in koopman by har. Dy sei: "Ha jo dat beestje to keap?" En hy wiisde mei de stok op 'e kou. Doe sei se: "Ja, en de hoanne ek."
"Hwat mat it kostje?" frege de koopman.
"De hoanne kinne jo keapje foar tachtich goune," sei 't minske, "en de kou mat acht dûbeltsjes opbringe."
Doe hâldde dy frou de hoanne oer. Dy woardde hja net kwyt, hwant gjin ien dy't dêr tachtich goune foar bitelje woe.
Dat hja kaem wer mei de hoanne thús.
Doe sei de man: "Hoe is 't gien mei de handel?"
Hja sei: "De kou bin 'k kwytrekke, mar de hoanne, dêr koe 'k gjin sleet yn krije."
"Nou, affijn," sei de man, "de kou is forkocht, en dat is 't fornmaemste." De hoanne, dat koe him safolle net skele. Dat wie mar in kleinichheit.
Mar doe moast it minske forantwurding dwaen fan it jild. Hja lei de acht dûbeltsjes op 'e tafel del.
De man wist earst net in wurd to sizzen.
Doe kaem er oerein en hy sei: "Ik sil dy dizze kear noch neat dwaen, mar ik sil it fjild yn en dan sil ik sjen as der noch mear sokke domme bargen binne lyk as dû. As ik se fyn, dan sil ik dy net straffe, mar oars - ."
Doe gong dy man der op út. 't Wie winter en knap kâld. Doe kaem er by in hûs, dêr lichte er de klink fan 'e doar.
Der kaem in frou foar.
"Ha jo ek handel?" frege er.
"Né", sei de frou.
"Dan gean ik mar wer fuort", sei er. Mar doe sei hy der achteroan: "Hwat is 't kâld, net?"
"Ja," sei 't minske, "of binne jo soms de kâlde winter?"
"Ja," sei de man, "ik bin de kâlde winter."
Hja sei: "Wy ha hjir in baerch yn 't hok rinnen. Dy kinne jo wol meinimme, hwant myn man hat sein: Dy sille wy biwarje foar de kâlde winter. Dat dy is foar jo."
De man sette mei de baerch ôf.
Even letter kaem er by in twadde húske. Dêr wennen in âld man en in âlde frou yn. Dy hienen hielendal gjin ljocht yn 'e hûs, hwant dêr sieten gjin finsters yn 'e muorren.
Dy minsken woenen der graech sinne yn ha, mar hja wisten net hoe't se dat ha moesten.
Doe sei de man: "Dêr wit ik wol ried op. Foar fyftich goune sil ik wol soargje dat jimme sinne yn 'e hûs krije."
De minsken seinen: "Dat giet troch."
De man helle ark fan achteren en hy kapte in gat yn 'e muorre, oan 'e sinnige kant. Doe hienen se fuortdaliks de sinne yn 'e hûs.
De man barde syn fyftich goune en gong fuort.
Doe kaem er nòchris by in pear minsken, ek al op jierren, dy fregen him: "Hwer komme jo wei, as ik freegje mei?"
"Ik kom út 'e himel", sei de man.
"En matte jo dêr aenst ek wer hinne?" fregen se.
"Ja," sei de man, "dêr gean ik aenst wer hinne."
"Och," sei 't âld-minske, "dêr is ús soan ek. Soenen jo hwat jild foar him meinimme wolle, hwant hy hat neat meikrige."
De man naem it jild oan en forliet de âlde minsken. Hy gong wer nei syn wiif ta en sei tsjin har: "Dû trefst it, dû silst net straft wurde. Hwant ik haw yn trije huzen west dêr't de minsken like dom binne as dû."

Onderwerp
AT 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
ATU 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife.   
SINAT 1384 - Der Mann sucht drei Menschen, die ebenso dumm sind wie seine Frau
  
VDK 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   
Beschrijving
Een man geeft zijn vrouw vaak een pak rammel omdat ze zo ongelooflijk dom is. Op een keer stuurt hij zijn onnozele vrouw naar de markt om een koe en een haan te verkopen. De dieren moeten respectievelijk tachtig gulden en acht dubbeltjes opbrengen. Als de vrouw later thuiskomt, heeft ze de koe voor acht dubbeltjes verkocht. De haan – prijs tachtig gulden – heeft ze aan niemand kunnen slijten. De man besluit zijn vrouw deze keer niet direct af te ranselen: hij zal het land in gaan om 'nog dommere varkens dan zij' te zoeken. Als er dergelijke mensen blijken te bestaan, zal hij haar niet straffen, aldus de man. Als de man later thuiskomt, zegt hij tegen zijn vrouw dat zij haar straf dit keer ontloopt omdat hij in wel drie huizen nog dommere mensen dan zij heeft ontmoet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife en AT 1245 Sunlight Carried in a Bag into the Windowless House en AT 1541 For the Long Winter en AT 1540 The Student from Paradise (Paris)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21