Hoofdtekst
Wy wienen to flaechslûken yn Elterhoeven yn Grinslân. Ik wie doe noch mar in jonge fan in jier of fiertsjin. Wytse Jager wie der ek by. Wytse wie in stroper en koe 't altyd moai sizze.
Op in moarn doe biloofde de boer ús, wy soenen de middeis sûpengroattenbrij ha. Dat soenen de froulju fan 'e boer foar ús klearmeitsje. 't Wie suver oars net as klearebare wetterige sûpe en dêr dreauwen hwat groatkerlen ûnder yn. Dy wienen mei de leppel net to birikken.
Wylst wy oan 't iten wienen, kaem de boer yn 'e skuorre. Wytse hie syn learzens oan fanwege it flaechslûken yn 'e weake klaei.
Doe frege de boer: "Smakket it hwat?"
"Wol goed", seinen wy, mar dat wie sa net.
Doe sei Wytse Jager: "Ik haw de learzens der al by oan."
"Hoe bidoele jo?" frege de boer.
"Anders kan ik de gortkorrels niet vinden", sei Wytse tsjin 'e boer.

Beschrijving
Een aantal boerenknechten wordt gortepap in het vooruitzicht gesteld, maar de waterige substantie die ze krijgen lijkt er in de verste verste niet op. Alleen onderin de kom – niet te bereiken met de lepel – zitten wat gortkorrels. Als de boer komt vragen of het de jongens smaakt, zegt een jongen dat hij er zijn laarzen maar bij aanhoudt omdat hij anders de gortkorrels niet op kan diepen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
Naam Overig in Tekst
Elterhoeven   
Wytse   
Wytse Jager   
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21