Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113831

Een mop (mondeling), dinsdag 03 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy wie siik. Doe gong de man foar har nei de dokter ta. Hy naem har weter mei. Doe't de dokter dat bisjoen hie, sei er: "Jou frou mat broeije." De man kaem thús. Doe sei er tsjin 'e frou: "Dû mast broeije, dat dû mast mar op in snies aeijen lizze." Dat doe rekke dat minske op in snies aeijen.
Fjouwer dagen nei de tiid kaem de dokter oan om ris nei syn pasjint to sjen.
"Hoe giet it hjir?" frege de dokter.
"O," sei de man, "pûrbêst. Hja sit as in laem."
Dokter sei: "Hoe bidoele jo?"
"Hja moest dochs broeije?" sei de man.
Doe sei de dokter: "Krekt, hja moest broeije, mar net briede. Jo frou is gjin hin."
"O duvel," sei er, "dan haw ik mis west."
In pear dagen letter fielde de man him net lekker.
Doe gong er foar himsels nei dokter ta.
Doe't de dokter him ûndersocht hie, sei er tsjin 'e man: "Jo matte mar ris hwat dierlik foedsel ite."
De man sei: "Dat komt klear, dokter." En hy gong nei hûs ta.
In pear dagen letter doe kaem dokter by him. Hy sei tsjin 'e man: "Hoe giet it?"
"Nou," sei de man, "de hjouwer, dokter, dat giet noch sa'n bytsje, mar ik kin it hea der sa min troch krije."

Beschrijving

Een domme man begrijpt de dokter steeds verkeerd. Als de dokter zegt dat de vrouw moet 'broeien' (zich warm moet kleden), laat de domme man zijn vrouw op een stel eieren plaatsnemen. Als hij zelf ziek is, raadt de dokter hem aan 'dierlijk voedsel' te eten. De man zegt een paar dagen later tegen de dokter dat hij al dat hooi maar moeizaam weg kan krijgen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 31 (archief MI)

Commentaar

3 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21