Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113832

Een mop (mondeling), dinsdag 03 september 1974

Hoofdtekst

Jan Monsma fan Aldtsjerk wie in tige forneamde wonderdokter, dy't in hiel soad minsken wer better makke hat. Woudstra fan Aldtsjerk dy ried moarns mei de piswein (ek wol: pisbus) nei him ta. De minsken namen altyd it wetter mei. Dêr wie ek in man by dy hie it wetter fan forskillende minsken altyd by him. Der sieten altyd etiketsjes op dy fleskes mei de namme en it adres fan 'e pasjint der op. Dan koe Monsma sjen foar hwa't it wie.
Ienkear, doe hienen se in fleske mei geitepisse meijown en dêr it adres fan in minske by dien. Se woenen Monsma ris tofiter ha.
Mar doe't Monsma de pisse bisjoen hie, sei er: "Dat is net it wetter fan in siik minske, mar fan in soun beest."
Se fangden him net.

Beschrijving

Een wonderdokter - een bekend 'piskijker' - maakt mensen beter nadat hij hun urine heeft bekeken. Als een stel deugnieten de dokter eens wil uittesten en een flesje geitenpis aanlevert, heeft de dokter gelijk door dat het om de plas van een gezond dier gaat.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 32 (archief MI)

Commentaar

3 september 1974

Naam Overig in Tekst

Jan Monsma    Jan Monsma   

Woudstra    Woudstra   

Monsma    Monsma   

Naam Locatie in Tekst

Aldtsjerk    Aldtsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21