Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114407

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Der wenne in man op 'e Sumarreheide, dy wie fêste arbeider. Dy man boude op in snein beantsjes. Dat moèst wol, hwant yn 'e wike hied er it net oan tiid.
Syn buorman wie tige kristlik. Dy sei tsjin him:
"Hoechst dy beantsjes net yn 'e groun to setten, hwant sy komme dochs net op."
Mar in goed wike letter sei de arbeider tsjin syn buorman: "Kom ris even mei en sjoch ris hoe moai as myn beantsjes steane."
Doe sei dy buorman: "Ja, mar dat jowt dy neat. Der komme dochs gjin pûlen oan."
Nei forrin fan tiid helle dy arbeider syn buorman wer op en doe sei er: "Mast ris sjen, sokke moaije pûlen sitte der nou oan."
Doe sei dy buorman: "'t Jowt dy neat. Dêr komme gjin beantsjes yn, se bliuwe leech."
Doe in skoftsje letter sei de arbeider: "Mast ris sjen, sokke moaije beantsjes sitte der yn."
Doe sei dy buorman: "'t Jowt dy neat, hwant dy beantsjes krije jimme noait gear."
Letter soenen se by dy arbeider in miel mei beantsjes ha. Doe gong dy arbeider mei de panne mei beantsjes nei syn buorman ta en sei: "Mast ris sjen, sa gear as de beantsjes binne, dy't ik op snein boud ha. Sa gear as bûter. Prebearje mar ris in leppelfol."
Mar de buorman sei: "Ik sil wol wizer wêze. As ik dêrfan yt, dan spring ik aenst by de sketten op fan pine yn 'e mage."
De oare man sei: "Wy ite se àl op." 't Wie dy deis saterdei. De arbeider sei tsjin syn buorman. As wy nou moarn forgean fan pine yn 'e mage, wolstû dan wol even foar ús nei dokter?"
"Jawol," sei de buorman, "mar net earder as mendei."


Beschrijving

Een arbeider die op zondag boontjes verbouwd, wordt hierom berispt door zijn christelijke buurman. De buurman is ervan overtuigd dat de planten niet op zullen komen, maar de arbeider kan hem het tegendeel laten zien. De buurman is ook heel zeker dat de planten geen peulen zullen dragen maar ook hier komt hij bedrogen uit. De buurman beweert verder dat de peulen leeg zullen blijven. Hij is dan ook heel verbaasd als de trotse arbeider hem prachtige boontjes laat zien. Als de christelijke buurman op een zaterdag bij de arbeider wordt uitgenodigd voor een boontjesmaaltijd, weigert de buurman de peulvruchten te eten. Hij beweert vreselijke maagpijn te zullen krijgen als hij de boontjes opeet. De arbeider stoort zich niet aan zijn buurman en eet de boontjes met smaak op. Als de arbeider vraagt of de buurman eventueel voor hem naar de dokter wil gaan als hij (de arbeider) mocht vergaan van de maagpijn, verklaart de buurman dat te willen doen, maar niet eerder dan maandag.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

16 september 1974

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21