Hoofdtekst
Der wie in fanke fan achttsjin jier, dy stie bûten op 'e trap om 'e ruten skjin to meitsjen. Dat fanke wie in werkster. Hja hie net in broek oan, hwant dat mocht har net barre.
Der kamen twa studinten oan, dy gongen ûnder har lâns. Hja seagen omheech en doe seagen se dat dat fanke net in broek oan hie. Doe joegen se har in goune, dêr koe se in broek foar keapje.
Doe't dat fanke thús kaem, fortelde se oan har mem hwat der gebeurd wie. "Ik haw in moaije nije broek foar dy goune kocht", sei se.
"Sjonge," sei har mem, "dat is in forduld moai spul." Dat minske woe ek wol jild foar in broek ha, dat de oare deis gong hjà nei dat plak ta to werken ynpleats fan har dochter. Hja sei mar gau tsjin dy lju dat har dochter net al to goed wie, en dat hjà dêrom kaem wie foar har dochter yn 't plak.
Hja hie fansels net in broek oan.
Hja stie krekt op 'e trap, doe't de twa studinten der oan kamen. Hja seagen wer omheech en doe sei de iene studint tsjin 'e oare: "Mast ris even sjen. Dat kin sa net. Ik sil har in stûr jaen, dan kin se in hiernetsje keapje. (Bonne Dykstra had het verhaal vrijwel gelijk, alleen de prijzen van broek en haarnetje bedroegen in ryksdaelder en een kwartje.)

Beschrijving
Een onnozel werkstertje staat buiten op de trap de ramen te zemen zonder dat ze een onderbroek draagt. Als twee studenten onder het meisje langs lopen, geven ze haar een gulden om een onderbroek te kopen. Het meisje koopt een prachtige onderbroek voor de gulden en laat die aan haar moeder zien. Omdat haar moeder ook graag zo'n mooie broek wil kopen, stelt ze zich ook zonder onderbroek op de trap op. Als de twee studenten weer passeren, geven ze de moeder een stuiver voor een haarnetje.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
16 september 1974
Naam Overig in Tekst
Bonne Dykstra   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21