Hoofdtekst
Der wie in mantsje, dat wenne op 'e Tike. Dat mantsje hie twa kij. 't Wie yn 'e simmer en 't lân wie heech. 't Hie al yn gjin wiken reind, der wie neat mear to fretten foar syn kij. Der wie gjin grien sprútsje mear to finen. 't Lân wie der read oer. De kij hienen honger en it boerke hie gjin sinten hast.
Doe tocht er: "Ik gean freed nei Ljouwert. Dan sil ik in bril keapje mei griene glêzen foar de kij. Dan sjogge de dieren dan dochs hwat griens."
Hy sette de freeds op Ljouwert ta en gong nei in brillewinkel. "Ik mat in bril ha", sei er tsjin 'e winkelman.
"Dat kin gebeure," sei dy man, "ik haw allerhande soarten brillen."
De man biseach de iene nei de oare, doe sei er: "Dy't ik ha mat, ha jo hjir net."
Doe sei de brilleman: "Om fiif goune wedzje dat ik de bril, dy't jo ha matte, wòl ha?"
"Bêst," sei de âld boer, "ik mat in kouwebril ha mei griene glêzen."
Dy hie de brilleman net en it boerke barde syn fiif gounen.
Doe sei dat boerke: "Ik mat noch mèar boadskippen dwaen. Ik mat ek in pear nije klompen ha."
Doe sei de brilleman: "Ik wit wol in goed adres, dêr't jo dan wêze matte." En doe neamde er it adres fan syn omke. Dy hie in klompehandel.
Wylst de boer ûnderweis wie nei him ta belle er syn omke op. "Dêr komt aenst in man by dy," sei er, "dy wol wedzje. Hy hat èk mei my wedde. Ik ha fiif goune forlern. Nou matte jo om tsien goune wedzje en winne. Dan kin ik myn fiif goune ek werom krije fan jo."
It mantsje fan 'e Tike kaem yn 'e winkel en socht yn 'e klompen om. Doe sei er: "De klompen dy't ik sykje, dy ha jo net."
"Dat liket raer," sei de klompekoopman, "ik ha alle soarten klompen dy't der bistean. Ik wol wol om tsien goune wedzje dat se der by binne."
"Goed", sei it boerke.
Doe sei de klompekoopman: "Hwat klompen matte jo ha?"
Doe sei it boerke: "Ik ha hinnen en in hoanne. As dy hoanne de hinnen trêddet, dan klaut er dy hinnen de rêch altyd iepen mei de neils. Dêrom mat ik klompen ha foar de hoanne."
Dy hie dy koopman net, dat hy rekke de tsien goune oan it boerke kwyt.

Onderwerp
AT 1559C* - Some Things Not for Sale   
ATU 1559C* - Some Things Not for Sale.   
Beschrijving
Het is een droge, hete zomer en een arme boer kan haast geen eten meer kopen voor zijn twee koeien. Omdat het hele land verdroogd is, kunnen de koeien zelfs niet meer grazen. De boer besluit hierop in de brillenwinkel brillen met groene glazen te kopen voor de koeien opdat de dieren nog iets groens zien. Als de boer voorspelt dat de opticiën de bril die de boer moet hebben vast niet heeft, wil de opticiën een weddenschap aangaan. De opticiën wedt voor vijf gulden met de boer dat hij de boer wel de bril die hij wenst kan geven. Als de boer zijn wensen echter bekend maakt, moet de opticiën het laten afweten en betaalt hij de boer vijf gulden uit. De boer zegt tegen de opticiën dat hij nog meer boodschappen moet doen – onder andere klompen. De opticiën raadt hem de klompenhandel van zijn oom aan en de boer vertrekt. De opticiën belt zijn oom op om hem voor te bereiden op de komst van de boer: de opticiën vraagt zijn oom ook te wedden en wel voor tien gulden. Als de oom de weddenschap wint, kan hij de opticiën namelijk ook mooi zijn vijf gulden terugbetalen. Als de boer vervolgens aan de klompenhandelaar voorspelt dat die de klompen die de boer moet hebben vast niet in zijn winkel heeft, wil de klompenhandelaar wel een weddenschap aangaan voor tien gulden. De boer verklaart hierop dat hij klompen nodig heeft voor de haan omdat die de rug van de kip altijd open klauwt. De klompenhandelaar moet het laten afweten en de boer is weer tien gulden rijker.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 11 (archief MI)
Commentaar
16 september 1974
Some Things Not for Sale
Naam Locatie in Tekst
Tike   
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21