Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114428

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in frou yn Grinslân, dy roan mei in kuorke mei handel by de streek. Nachts slepte it minske by de boeren yn 't hea.
Op in joun kaem it minske wer by in boer. Hja frege de boer earst of er ek in bêd foar har hie.
"Jo kinne wol yn 't hea sliepe", sei de boer. "Mar," sei er, "der binne ek noch mannen dy't dêr fannacht yn it hea sliepe. Binne jo dêr net bang foar?"
"Né", sei se. "Ik bin ek noch in publike frou, dat dat treft net sa min. Miskien wurd ik der ek noch hwat better fan."
Hja gong by de healjedder op en gong yn 't hea lizzen. In skoftsje letter doe kaem der in man by har.
"Hwat mat it kostje?" frege er har.
"In ryksdaelder", sei se.
Doe't de man mei har klear wie, kaem syn maet by har. Dy bitelle ek in ryksdaelder en dy rekke ek by har klear.
It wienen twa mannen, dy roannen mei in bear by de skoallen lâns. Dy bear lei dêr ek yn 't hea.
De bear hie sjoen hwat dy beide mannen dêr yn 't hea dien hienen. Doe gong dy bear ek nei de frou ta. En dy kaem wol trije kear klear.
Doe gong dy bear wer nei de mannen ta.
De oare moarns doe't it minske wekker waerd, wienen de beide mannen mei de bear al fuort.
Doe't hja ûnder kaem, frege de boer: "Hoe is 't gien?" "Ik ha bêst slept," sei se, "ik mei net mopperje. En ik ha goed fortsjinne. Mar," sei se, "it mat ek al wer fan 'e gewoane minsken komme lyk as altyd. Hwant der wie in hear by mei in djûre bontjas oan, dy't my trije kear spile, en dy is útnaeid sûnder to biteljen. En dy woe ek net iens mei my prate."


Onderwerp

VDK 1505A* - De man met de bontjas    VDK 1505A* - De man met de bontjas   

Beschrijving

Een handelaarster vraagt een boer om onderdak voor de nacht. De boer biedt de vrouw een slaapplaats in het hooi aan maar waarschuwt haar voor de mannen die daar slapen: de mannen zouden wellicht wat van haar willen. De vrouw zegt dat dit niet erg is omdat ze ook prostituée is. Als de vrouw in het hooi ligt, wordt ze al gauw benaderd door een man. Als de man klaar is, dient zijn maat zich al aan. De twee mannen – die met een beer rondtrekken – hebben niet door dat hun beer alles heeft gezien. De beer volgt het voorbeeld van de mannen en komt wel drie keer klaar. Als de boer de vrouw de volgende dag vraagt hoe het gegaan is, antwoordt de vrouw dat ze best geslapen heeft en ook nog aardig verdiend heeft. Ze moppert alleen over één van haar klanten: dat was nota bene een voornaam heer met een dure bontjas. De heer kwam wel drie keer klaar zonder een woord te zeggen en is vervolgens weggegaan zonder te betalen, aldus de vrouw.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 28 (archief MI)

Commentaar

16 september 1974
De man met de bontjas

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21