Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114430

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Der trouden twa spantsjes, dy kamen neist elkoar to wenjen. Mar gjin fan beide pearkes krige bern.
Acht jier letter doe krige it iene spantsje in bern.
Doe sei de buorman dy't gjin bern hie oan syn buorman: "Hoe hast dat hawn?"
Doe sei dy: "Der is in wûnderdokter en dy hat my bisjoen. Dy sei: - Jou sek is neat wurdich, dêr kinne jo neat mei. Jo matte in oaren ha - Hy snie him der ôf en doe helle er in oaren ien út 'e iiskast en dy naeide hy der oan. En doe krige ik in bern."
Doe sei de buorman: "Dan mat ik dêr ek hinne."
Dat die er en doe krige hy der ek in nije sek oan. Dy syn sek wie nammentlik èk neat wurdich.
Mar - it joech him neat - hy krige gjin bern.
Doe sei syn buorman: "Lit my dyn spul ris sjen. Hwant by my wie 't samar klear, dan mat der by dy hwat oan haperje."
Doe't syn buorman him it spul sjen liet, sei er: "Ja, nou wol 'k it wol leauwe, dat jimme gjin bern krije. Hwant dû hast m_n sek der oan krige en dy wie ommers neat wurdich!"

Beschrijving

Het lukt twee stellen – die toevallig ook naast elkaar wonen - maar niet kinderen te krijgen. Als het ene stel op een gegeven moment toch een kind krijgt, vraagt de buurman de vader hoe hem dat gelukt is. De jonge vader blijkt ooit een wonderdokter geraadpleegd te hebben. De wonderdokter zag dat zijn zaad onvruchtbaar was en besloot de man een nieuwe balzak aan te meten. De dokter sneed de balzak eraf en zette er direct een nieuwe – uit de ijskast – aan. Als de buurman zich na dit verhaal ook naar de wonderdokter spoedt, doet die hetzelfde met de buurman. Als de buurman het toch niet voor elkaar krijgt een kind te krijgen, vraagt de jonge vader of hij het zaakje eens mag bekijken. De dokter blijkt de buurman de oude balzak van de jonge vader aangemeten te hebben.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 30 (archief MI)

Commentaar

16 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21