Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114905

Een mop (mondeling), 1977

Hoofdtekst

Twa man út Hollân rieden op 'e motor oer de ôfslútdyk en setten sa op Harns ta. De iene syn pet waeide hyltyd ôf, sa'n stik wyn stie der. Hja soenen togearre mei fakânsje.
Doe't de pet al ris wer ôfwaeid wie, sei deselde dy't foar siet: "Set de pet achterstofoar op, dan komt de wyn net yn 'e pet."
Dat die dy oare. Efkes letter sei er: "Ik bin èk sa kâld fan foaren. It siicht my op 't boarst. Hwat mat ik dêr oan dwaen?"
"Doch dan de jas achterstofoar oan", sei de oare.
Dat die er ek.
Doe moest de foarste ynienen hurd ôfremje foar in tegenligger, dy't dwars oerstuts. Dêrtroch foel syn maet fan 'e motor, mar dêr fornaem er neat fan. Hy ried troch. Fuort dêrnei sei er: "Dêr wienen wy efkes gefaerlik, hè?"
Syn maet sei neat.
Doe seach er achterom. Doe siet syn maet dêr net mear achter op. Hy noch fierder achterút sjen. Doe seach er, dat syn maet op 'e dyk lei en dat der allegear minsken omhinne stienen.
Hy der gau hinne. "Hoe liket it?" frege er.
"It like earst net sa slim", sei ien fan 'e mannen, "mar hy hie de holle achterstofoar op 'e romp sitten. Doe ha 'k dy holle in heal slach omdraeid en sûnt is 't folle minder mei him."

Beschrijving

Twee mannen rijden op een motor over de Afsluitdijk, als de pet van de man die achterop zit steeds afwaait. Zijn maat raadt hem aan de pet achterstevoren op te zetten. Als de man met de achterstevoren pet vervolgens een erg koude borst krijgt, raadt zijn maat hem aan de jas achterstevoren aan te trekken. Als de bestuurder van de motor ineens moet uitwijken voor een tegenligger, verliest hij - zonder dat hij het merkt - de man die achterop zit. Als hij omkijkt, ziet hij zijn maat op de weg liggen. Als hij terugrijdt en vraagt hoe zijn maat eraan toe is, antwoordt een man dat het in beginsel niet zo erg leek. Omdat het hoofd echter achterstevoren op zijn romp zat, heeft hij het hoofd weer een slag gedraaid, aldus de man. Sinds de man dat gedaan heeft, is zijn maat - die in werkelijkheid alleen maar een omgekeerde pet en jas had - er een stuk slechter aan toe.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1149, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

1977

Naam Overig in Tekst

Hollân    Hollân   

Naam Locatie in Tekst

Harns    Harns   

Afsluitdijk    Afsluitdijk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21