Hoofdtekst
Der wie in jonge, dy hiet Kees. Dy jonge woe ris hwat mear fan 'e wrâld sjen as allinne Fryslân. Hy ried op 'e fyts nei Limburch ta. Mar doe moest er dêr in ûnderdak ha foar de nacht. Mar alle hotels wienen biset hwant it wie krekt yn 'e tiid fan 'e toeristen.
Hy tocht: ik mat mar ris by in nonnekleaster oanklopje, miskien wolle se my dêr herbergje. Hy dêrhinne.
Doe sei de moeder-overste: "Jo kinne hjir wol oernachtsje, mar dan matte jo op jou keammerke bliuwe." "Goed", sei Kees.
Hy joech him del, mar yn 'e nacht moest er pisje. Hy der ôf en sykje om in pot. Mar der wie yn 't keammerke net in pot to finen. Hy moest noadich, dat hy tocht: ik mat mar ris op 'e gong sjen of dêr in pot of in w.c. to finen is. Omt er hielendal neaken wie, sloech er yn 'e gauwichheit in wyt lekken om him hinne. Sa kaem er op 'e gong. Doe passearde hy dêr krekt in non, dy't ôfgryslike kjel waerd. Hja sei:
"Zijt gij een geest, zijt gij van God?"
Hy sei: Né, ik bin Kees, ik sykje om 'e pot."

Beschrijving
Een jonge fietser is doornat geregend en krijgt onderdak in een nonnenklooster. Hoewel de nonnen hem bevolen hebben in zijn kamertje te blijven, moet hij er 's nachts toch uit om te plassen. Als hij op de gang op zoek gaat naar een pot, draagt hij een wit laken om zich heen om zijn naaktheid te verbergen. Als een non hem passeert, schrikt ze vreselijk en vraagt ze 'Zijt gij een geest, zij gij van God?'. De jongen antwoordt: 'Nee, ik ben Kees, ik zoek naar de pot'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1152, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
3 augustus 1977
Naam Overig in Tekst
Kees   
God   
Naam Locatie in Tekst
Fryslân   
Limburch   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21