Hoofdtekst
Myn skoanheit wie to Aldeboarn mei oaren oan 't kabellizzen.
't Wie iterstiid. De boer dy't dêr wenne siet mei syn folkje yn 'e hûs to iten. Skoanheit en syn maten sieten bûtendoar en wienen oer har brochjes gear. Doe seach Albert-om njonken 'e pleats in stikje groun, dêr't woartels op boud wienen. Hy gong dêr hinne en luts der hwat woartels út. Dy naem er mei nei de opfeart njonken 'e pleats. Hy gong op it stap stean om 'e woartels skjin to spielen yn 't wetter en der dan syn maten elk ien fan to jaen. De boer hie 't sjoen út 'e hûs wei. Hy slûpte op sokken nei Albert-om ta en krige him by 't skouder beet.
Hy sei: "Hwat dogge jo dêr?"
"Dat kinne jo sjen," sei Albert-om, "woartels skjinmeitsje."
"Dat binne m_n woartels", sei de boer.
"Ja, dat wit ik wol," sei Albert-om, "mar hwer ha jo se eins foar, boer?"
"Om se op to iten", wie 't antwurd.
"Krekt," sei Albert-om, "nou, dat dogge w_ èk."

Beschrijving
Een boer gaat na gedane arbeid in zijn huis eten zonder zijn knechten te eten te geven. Als één van de knechten een paar wortels uit het land trekt, wordt hij hierop aangesproken door de boer. Als de knecht vraagt wat de boer dan met de wortels wil doen, antwoordt de boer 'opeten'. 'Dat is ook wat wij ermee willen doen' antwoordt de knecht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1154, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
10 augustus 1977
Naam Overig in Tekst
Albert-om   
Naam Locatie in Tekst
Aldeboarn   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21