Hoofdtekst
Us heit wenne op Feanwâldsterwâl, oan 't wetter. Hy hie in hiele lulke houn. Dy krige allinne mar fisk to iten en krûd út 'e jachtgewearen. Dêr koe net in minske op it hiem komme of hy forskuorde se. Mar Jehannes Meerstra, dy koe altyd wol komme, dy liet er gewoan gewurde.
Op in kear kaem der in stommedôve keapman mei twa koffers by ús op it hiem, dy hie strieëne huodden to keap. Dy keapman foel er oan. Dy hâldde de koffers foar him om him sa to fordedigjen. Beide koffers rekken kapot en in part fan 'e huodden ek.
Alles wie rampoai. De huoddekeapman is troch 't wetter fan 't hiem kaem, mei de houn achter him oan. De striehuodden dy't noch hiel wienen dreauwen efkes letter oan 'e kant yn 't wetter. Dy waerden der de oare deis útfiske en elke hoed waerd op in pealtsje set en oanbean foar in kwartsje. Hwant dy stommedôve syn negoasje moest forgoede wurde.
Doe keam Jehannes Meerstra dêr dy deis. Dy sei tsjin heit: "Dy houn fan jimmes is gjin stûr wurdich."
"O né?" sei heit. "Hy falt elkenien oan, mar jo allinne net, omdat jo sa faek by ús komme. Hy ken jo. Dêrom docht er jo neat."
Jehannes sei: "Ik sil dy houn trije dagen achter 't spoar stjûre."
"Prebearje dat mar ris", sei heit.
Jehannes seach de houn goed oan en doe naeide de houn út. Hy gong achter 't spoar en dêr is er trije dagen en trije nachten bleaun. Nei trije dagen kaem er skytsturtsjend werom, hwat er noch noait earder dien hie.

Onderwerp
SINSAG 0664 - Zauberer macht bissige Hunde zahm.   
Beschrijving
Een tovenaar slaagt erin een gevaarlijke hond die iedereen verscheurt te bedaren. Hij stuurt het dier drie dagen weg en het dier komt helemaal anders terug.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1154, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
10 augustus 1977
Zauberer macht bissige Hunde zahm.
Naam Overig in Tekst
Jehannes Meerstra   
Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21