Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115403

Een sage (mondeling), woensdag 10 augustus 1977

Hoofdtekst

Op in kear siet Jehannes Meerstra by in boerke, op Feanwâldsterwâl yn 'e hûs. Dat boerke hie in koe nei de merk hawn to Ljouwert, dy hie er dêr forkeapje litten troch in fékoopman, in joad. It boerke wie de ûnnoazele kant neist. Dy joad kaem by it boerke om to biteljen, wylst Jehannes dêr noch siet.
De koopman sei tsjin 't boerke: "Hoe wolle jo it jild ha, yn 't great of yn 't lyts?"
"Doch it mar yn 't lyts," sei it boerke, "hwant yn 't great haw ik der net folle forstân fan."
De joad bitelle út, mar hy bitelle fiersto min. Dat seach Jehannes Meerstra allegear.
Doe't de joad fuort wie, sei Jehannes: "Hy hat jo forrifele, mar dat hindert neat. Moarn krije jo jou jild fan my dat jo to min fan dy joad bard ha."
Jehannes hie in herberch en dêr gong er hinne. Dêr siet dy joad. Dy dronk noch in slokje en bitelle doe Jehannes. Jehannes joech him werom mei briefkes fan in goune en in ryksdaelder ensa. Doe gong de joad fuort. Efkes letter kaem er werom en sei tsjin Jehannes: "Jo ha my net bitelle mei jild, mar mei stikjes krantepapier."
"Jo ha mei eigen eagen sjoen dat it jild wie", sei Jehannes. "Jo dogge ek wolris yn 't lyts ynpleats fan yn 't great."
De oare moarns krige it boerke fan Jehannes it jild, dêr't er rjocht op hie.

Beschrijving

Een tovenaar bestraft een veekoopman die een onnozele boer te weinig heeft uitbetaald door papiergeld in krantenpapier te veranderen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1154, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

10 augustus 1977

Naam Overig in Tekst

Jehannes Meerstra    Jehannes Meerstra   

Jehannes    Jehannes   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâldsterwâl    Feanwâldsterwâl   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21