Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115703

Een sprookje (mondeling), maandag 12 september 1977

Hoofdtekst

't Wie yn 'e tiid fan koaning Redbad. Dy wenne to Burgum. Dy woe ris witte hoe earlik de minsken wienen. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in pak snie. De koaning die allegearre goudstikken yn in beurs en boun dêr in âld fodde om hinne. Doe lei er dy heal yn 'e snie, sadanich, dat de minsken de beurs net sjen koenen, mar wol de fodde. De beurs lei tichte by syn slot.
Dêr kamen allegearre minsken lâns, mar dy gyngen foarby. Net ien dy't bilang by in fodde hie. Op 't lêst kaem dêr in jonge oan mei in hounekarre. Dy seach de fodde dêr èk lizzen. Hy tocht, dy kin 'k krekt brûke foar de houn. Dy kin moai om 'e beage hinne, hwant dy is hwat skerp tsjin 't boarst. En hy krige de fodde op. De beurs foel der út. Hy seach der yn: 't wie allegearre goudstikken. Earst die er de fodde om 'e beage hinne en doe gong er nei 't slot ta, dêr't de koaning wenne. Hy die it forhael oan 'e koaning. Dy waerd troffen troch syn earlikens en sei: "Ik bin bliid dat ik wit dat der sokke earlike minsken yn myn ryk wenje. Dû meist de beurs mei jild hâlde."

Beschrijving

Koning Roodbaard wil uittesten hoe eerlijk de mensen uit zijn rijk zijn en legt expres een beurs vol goudstukken op straat. Hij bedekt de beurs met een oude lap. Iedereen loopt het oude vod voorbij, behalve een jongen met een hondenkar. De jongen wil de lap gebruiken om aan het borsttuig van het dier vast te maken. Als hij het vod opraapt, ziet hij de beurs met goudstukken. Hij brengt de goudstukken terug naar de koning. De koning is getroffen door zijn eerlijkheid en schenkt hem de beurs vol goudstukken.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

12 september 1977

Naam Overig in Tekst

Redbad    Redbad   

Naam Locatie in Tekst

Roodbaard    Roodbaard   

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21