Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115705

Een mop (mondeling), maandag 12 september 1977

Hoofdtekst

Der wie in pater, dy krige in faem. Dy faem moast in protte noch leare. Sa sei se: Uw kofje is klaar, wylst se bidoelde: de kofje stiet klear foar ús togearre of Uw aardappelen zijn op. Doe sei de pater tsjin har: Sa heart it net. Wy drinke togearre kofje en de ierappels ite wy ek togearre op. Dû seist dus: Ús kofje is klear en ús ierappels binne op. Komt der ien foar my spesiael op bisite, dàn kinst sizze: Uw bezoek is er.
De faem knope har dat goed yn 'e earen.
Op in moaije dei gongen de pater en dy faem to kuijerjen. Hja rêstten út tsjin 'e trambaen oan. Ynienen kaem de tram der oan. Hja spatten oerein, tige hommels, hwant hja woenen net ha dat in oar har seach.
De faem sjocht noch gau even achterom nei de pater, wylst de tram foarbysnuorret en dan seit se: "O pater, Uw gulp staat open en onze kleine jongen hangt er uit."

Beschrijving

Een pater moet zijn domme meid allerlei zinnen leren omdat hij wil dat ze het verschil tussen 'uw' en 'onze' kent. Als ze samen eens buiten wandelen, zegt de meid plotseling moeiteloos 'O pater, uw gulp staat open en onze kleine jongen hangt eruit'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

12 september 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21