Hoofdtekst
Der wie in kandidaet, dy preke foar de earste kear yn 'e gemeente. Der siet ûnder 'e taharkers in âlde frou en dy gûlde. De kandidaet tochte: hwat is dat minske ûntdien, dy is grif tige ûnder 'e yndruk fan myn preek. Dêr mat ik mendei mar gau hinne.
Hy rekke dêr de mendeis hinne en doe frege er de frou hwerom sy sa ûntdien west hie. Wie se sa geweldich rekke troch syn preek? "Is der hwat?" frege er.
"Né," sei se, "der is neat. Ja, dûmny," sei se der fuort achteroan, "ik sil 't jo ek wol sizze. Ik haw ek in soan, dy leart ta dûmny. En doe tocht ik, doe't ik jo preekjen hearde: Och heden, as hy ek sa'n stumper wurdt, dan is it net bêst. En dêrom gûlde ik."

Onderwerp
AT 1834 - The Clergyman with the Fine Voice   
ATU 1834 - The Clergyman with the Fine Voice.   
Beschrijving
Een onervaren dominee spoedt zich de maandag na zijn allereerste preek naar een vrouw die zondag in de kerk heeft zitten huilen. Als de dominee vraagt of de vrouw zo ontdaan was door zijn preek, ontkent de vrouw dit. De vrouw moest huilen omdat ze niet hoopt dat haar zoon - die ook opgeleid wordt tot dominee - ooit zo slecht zal preken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1169, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
5 juni 1979
The Clergyman with the Fine Voice
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21