Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117201

Een sprookje (mondeling), maandag 05 juni 1978

Hoofdtekst

It pealtsje fan Easterlittens.
Dêr wenne in earme skuonmakker to Easterlittens. Dy hie net folle wurk en hy en syn wyfke hienen mar amper genôch om to iten. 't Wie in earmoedige tiid. Doe hie dy skuonmakker op in nacht in fremde droom. Hy droomde, dat hy moest nei Amsterdam ta gean, nei de Hendriksbrêge. Dêr soe it gelok op him wachtsje.
De skuonmakker skonk dêr net folle oandacht oan, mar de oare nachts hie er deselde droom wer. Hy moest op dy greate brêge dêr yn Amsterdam stean gean.
It like de skuonmakker net goed ta. Hy tocht, dat kin neat wurde, sa'n lange reis. En hy hie noch noait to Amsterdam west. Mar de trêdde nachts hied er wer deselde droom. Doe bigoun hy der al even oars oer to tinken. Trije kearen achter elkoar deselde droom, dat moest hwat to bitsjutten ha.
Doe fortelde hy it syn frou.
"Ei nou," sei se, "dû hast dochs gjin wurk optheden. Hwerom soest der net hinne?"
Doe naem de skuonmakker syn bundeltsje mei itenspul ûnder 'e earm en gong rinnendewei nei Amsterdam ta.
Underweis slepte hy by de boeren yn 't hea.
Op 't lêst kaem er yn Amsterdam oan. 't Wie op 'e joun. Mar dêr koed er fansels net by in boer yn 't hea sliepe, dat hy gong nei in guodkeap loazjemint ta en frege dêr om ûnderdak. It wie syn lêste jild dat er spandearre.
De oare deis sette er nei de biwuste brêge ta. Dêr gong er stean. Hy bleau dêr de hiele dei. Der gongen hyltyd minsken foarby, fan beide kanten kamen se. Mar al hwat dêr kaem, gjin gelok. Der wie net ien by dy't him oanspriek.
De jouns gong de skuonmakker wer nei 't loazjemint ta, en de oare deis stie er wer op 'e brêge. Mar ek nou: gjin gelok dat delsetten kaem. Dat hy gong oan 'e ein fan 'e dei wer nei syn loazjemint ta. Hy wie net botte fleurich, hwant syn reis wie oan diz tiid ta forgees west. Hy tocht by himsels: moarn gean 'k wer nei hûs. Ik ha hartstikke gek west dat ik geloof hechte ha oan dy droom. De oare moarns rekkene hy ôf mei de loazjeminthâlder en soe doe mar werom nei hûs ta. Mar hy tocht: ik wol doch earst noch eefkes nei de brêge. Men kin net ris witte.
Doe't er dêr in skoftsje op 'e brêge stie foel syn eech op in mantsje, dat dêr ek stie, mar oan 'e oare kant. Dat mantsje hie dêr de foarige beide dagen èk al stien.
"Dêr wol 'k ris mei prate", tocht er. Hy stapt op 't mantsje ta.
"Goeijen dag", seit er.
"Ek goeijen dag", seit it mantsje.
"Ik ha hjir al in skoft op 'e brêge stien," seit de skuonmakker, "mar hjir is neat to finen."
"Né," seit dat mantsje, "mei my is 't àl sa'n nuver gefal. Ik haw in droom hawn. Ik moast nei de Hendriksbrêge ta gean, hwant dêr soe ik ien moetsje, dy't hiel ryk wie. Nou, doe bin 'k hjir mar hinne gong. Mar nou stean ik hjir al foar de trêdde dei, mar ik ha noch net in rikenien oantroffen."
De skuonmaker woe wolris krekt fan him witte hwat er droomd hie.
"Nou," sei 't mantsje, "ik hie trije nachten oanien deselde droom. Ik droomde, dat yn Easterlittens yn 'e tún by in skuonmakker stie in pealtsje. Dêr ûnder dat pealtsje siet in pot mei goud yn 'e groun. En ik droomde fierder dat de skuonmakker dy't dêr wenne, dy soe yn Amsterdam komme, hjir op 'e brêge en dy soe my fan dat goud jaen. Dêrom haw ik hjir op 'e brêge stien to wachtsjen. Mar der wie net ien dy't by my kaem en my jild joech."
Doe wist de skuonmakker genôch. Hy frege it mantsje om syn adres en sette doe nei hûs ta.
Doe't er thúskaem fortelde er alles oan 'e frou.
Se wachten earst de nacht ôf, dan seagen de minsken har net. Doe gongen se togearre nei de tún ta en bigounen to graven. Earst tochten se: dit wurdt neat. Hwant hja wienen al in hiel skoft oan 't dollen, doe hienen se noch neat foun. Mar doe stuiten se ynienen op hwat hurds. En doe hellen se in izeren pot omheech mei in hingsel der oan.
Hja makken it gat gau wer ticht, en doe gongen se mei de izeren pot yn 'e hûs. Dy pot siet fol mei gouden munten. Nou wienen se út 'e soargen wei.
It wyfke himmele de pot. It wie in moaije pot, der stie ek noch hwat op to lêzen. Mar hja koenen net útfine hwat dat bitsjutte, hwant it wie yn in fremde tael skreaun. Omdat it sa'n moaije pot wie sette hja him to pronk en hja die der in plant yn.
Op in kear kaem dûmny by harren op bisite. Dûmny seach dy pot dêr stean.
"Hwat ha jim dêr in alderaerdichste pot stean", sei er.
"Ja," sei de frou, "dy ha 'k al ris krigen fan famylje. 't Is in erfstik", sei se.
Doe seach dûmny de letters op de pot. "Dêr stiet hwat op to lêzen", sei er.
"Ja," sei 't minske, "mar hwat dat bitsjut witte wy net. 't Is in fremde tael. Kinne jo it miskien lêze?"
Dûmny seach der noch ris nei. "'t Is latyn", sei er. "'k Sil 't op in kladtsje skriuwe, en dan thús ris neisjen."
In skoft letter kaem er werom. "Ik sil jim fortelle hwat der op dy pot stiet," sei er: "Onder deze pot zit nòg een pot."
It minske tocht: "Nou matte wy wer los."
En dy nachts bigounen de skuonmakker en hja wer to graven. Se groeven noch djipper as de foarige kear. En doe founen se wer in pot, folle greater noch en ek fol mei goudstikken. Mar dit wie in pot sûnder ynskripsje. Doe wienen se ryk.
Mar de skuonmakker tocht oan it mantsje op 'e brêge. Hy sei: "Nou ha wy sa'n protte jild. En dat ha wy oan dat mantsje op 'e Hendriksbrêge to tankjen. Dy hat my op it idé brocht. Dy mat der altyd hwat fan ha."
Doe sette er wer op Amsterdam ta en hy socht it mantsje op. Hy hie it adres ommers noteard.
Sa wienen dus de dromen fan allebeide útkaem.

Onderwerp

AT 1645 - The Treasure at Home    AT 1645 - The Treasure at Home   

ATU 1645 - The Treasure at Home.    ATU 1645 - The Treasure at Home.   

SINAT 1645 - Der Traum vom Schatz    SINAT 1645 - Der Traum vom Schatz   

Beschrijving

Een arme schoenmaker droomt drie nachten achter elkaar dat hij op een bepaalde brug in Amsterdam zijn geluk zal vinden. Na de derde nacht spoedt hij zich naar de hoofdstad en stelt hij zich op op de bewuste brug. Pas als hij voor de derde opeenvolgende dag op de brug staat, spreekt hij een mannetje aan dat zich ook al die dagen al op de brug bevindt. Het mannetje verklaart ook in een droom aangespoord te zijn naar deze brug te komen om een hele rijke man te ontmoeten. Als de schoenmaker doorvraagt, blijkt het mannetje tot drie keer toe gedroomd te hebben over een paaltje in de tuin van een schoenmaker. Onder het paaltje is een grote schat - een pot met goud - begraven. De schoenmaker zou naar Amsterdam komen om op de brug goud te overhandigen, aldus het mannetje. De schoenmaker weet genoeg en spoedt zich naar huis nadat hij vlug de naam en het adres van het mannetje genoteerd heeft. Die nacht graaft hij samen met zijn vrouw een ijzeren pot met goud op uit zijn tuin. Op de pot staat een inscriptie in het Latijn die het stel niet kan lezen. Als de dominee het nu rijke echtpaar eens bezoekt, vertaalt hij de spreuk: 'Onder deze pot zit nòg een pot'. De volgende nacht wordt de tweede pot opgegraven. De goede schoenmaker beloont ook zijn 'tipgever' op de brug.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1172, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

5 juni 1978
The Treasure at Home

Naam Overig in Tekst

Latijn    Latijn   

Oosterlittens    Oosterlittens   

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Easterlittens    Easterlittens   

Hendriksbrêge    Hendriksbrêge   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21