Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117304

Een mop (mondeling), maandag 12 juni 1978

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in papegaei. Dy syn kouwe hong yn 't foarhûs.
Sa nou en dan kaem dêr in turfskipper oan 'e doar om to freegjen of se ek turf ha moesten. Op in kear doe kaem er dêr wer. Hy frege by de doar. "Mat der ek turf wêze?"
"Ja," ropt de papegaei, "bring mar tûzen."
De turfskipper tocht net oars as it wie de frou, dy't dat sei, dat hy brocht de middeis de turven.
Mar de frou sei: "Hwat dogge jo hjir mei turf, man. Wy binne gjin turven brek."
De turfskipper sei: "En jo ha sels turven besteld."
Doe sei de boer: "Dan hat de papegaei dat sein." Hy waerd sa lulk op it beest dat hy krige de kouwe en smiet him bûtendoar by de skerne del.
De jouns giet dêr in man lâns, dy is dronken. Hy stroffelt oer de post fan 'e skerne en tûmelt dêr del, krekt njonken de papegaei.
It earste hwat de papegaei tsjin him seit is: "Hastû ek turf bisteld?"

Onderwerp

AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy    AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   

ATU 0237 - The Talking Parrot    ATU 0237 - The Talking Parrot   

Beschrijving

Een papegaai bootst de stem van zijn baas na en geeft een koopman opdracht duizend stukken turf te leveren. Als de baas dit merkt, wordt hij zo woedend op de papegaai dat hij het dier met kooi en al op de mesthoop gooit. Als kort daarop een dronken man struikelt en naast de papegaai terecht komt, zegt die prompt 'Jij hebt zeker ook turf besteld'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1173, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

12 juni 1978
Magpie Tells why Sow is Muddy

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21