Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117309

Een mop (mondeling), maandag 12 juni 1978

Hoofdtekst

Twa poepen kamen by in boerinne op it hiem. Dêr stie in pot mei brij, dy hie de boerinne dêr krekt delset. Mar dat wisten dy poepen net. Hja hie him krekt fan 't fjûr helle, dat de brij prottele noch. Doe't de poepen dy pot seagen, sei de iene: "Is dat in wûnderpot."
"Ja," sei de boerinne, "dat is in wûnderpot."
Sa'n pot hienen dy poepen noch noait sjoen. Dêr kôke de brij yn op 'e kâlde groun.
"Wolle jo dy pot forkeapje?" fregen se. Dat woe dy boerinne wol en se barde der in aerdich dofke jild foar.
De oare deis setten de beide poepen mei de pot fol kâlde brij nei 't haeilân ta. De pot setten se op in plakje del, tichte by in sleat.
Doe't it 10 ûre waerd gong de iene poep der hinne om to sjen hoe fier it mei de brij wie. Dy wie noch like kâld.
Om 11 ûre gong der wer ien hinne to sjen. De brij wie neat foroare. Om 12 ûre gongen se der beide hinne. Noch krekt en gelyk. "Soe dy boerinne ús tofiter hawn ha?" sei de iene. De oare waerd sa lulk dat hy skopte tsjin 'e pot oan. Dy tûmele yn 't wetter. Doe bigoun it to buorreljen. Doe sei er: "Kijk, nu kookt die drommels pot."

Onderwerp

VDK 1539C - De zelfkokende pot    VDK 1539C - De zelfkokende pot   

Beschrijving

Twee Duitse hannekemaaiers - ook wel 'poepen' geheten - zien een warme, nog pruttelende pot met brij op tafel staan en denken dat de 'wonderpot' uit zichzelf - zonder dat er vuur gebruikt wordt - kookt. De twee poepen vinden de boerin bereid de 'wonderpot' te verkopen en zetten de pot gevuld met koude brij enthousiast op het hooiland neer. Als de pot na ruim drie uur wachten nog niet kookt, wordt de ene poep zo boos dat hij de 'zelfkokende' pot met een ferme trap de sloot in werkt. Als het water vervolgens begint te borrelen, denkt de poep dat de pot alsnog kookt.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1173, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

12 juni 1978
De zelfkokende pot

Naam Overig in Tekst

Duitse    Duitse   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21