Hoofdtekst
Der wie in wyfke oan 't pankoekbakken. Hja woe dy pankoek hyltyd greater en moaijer meitsje, dêrom die se hyltyd wer hwat bislach der by yn 'e panne.
Op 't lêst wie 't in prachtige brune pankoek. Doe smiet se him omheech om him om to kearen, hwant beide kanten moesten brún wurde.
Mar doe kaem dy pankoek net wer yn 'e panne tolânne. Hy rolle fan 'e tafel op 'e groun en rolle sa ta de doar út.
't Ald wyfke der achteroan.
De bakker stie bûten foar de doar en seach it wyfke rinnen achter dy roljende pankoek oan. Hy tocht: hwat is hjir to rêdden, dat hy der èk achter oan.
De skuonmakker seach ek al ris oer de bril en tocht: dêr mat ik mear fan wite.
Dat doe dy der èk achteroan.
De snider liet de jas lizze, dêr't er mei oan 't naeijen wie. Dy der ek achteroan.
It wie op 't lêst in hiele optocht. De plysje kaem der ek noch by.
En de pankoek rolle mar fierder en fierder.
Op 't lêst kaem er by in wetter. Dat waerd syn ûngelok. Hwant troch de faert dy't er hie koe er net ta stilstân komme. Dat gong floep by de wâl del en yn 't wetter.
En de pankoek koe net swemme, dat hy sonk meiiens nei de djipte.
En dêr ha de fisken him opiten.
Dy hâldden in feestmiel.

Onderwerp
AT 2025 - The Fleeing Pancake   
ATU 2025 - The Fleeing Pancake.   
Beschrijving
Een vrouw bakt een prachtige, bruine pannenkoek. Als ze de pannenkoek omhoog gooit om hem te draaien, rolt de pannenkoek op de grond en de deur uit. De vrouw rent achter de pannenkoek aan en vele mensen volgen haar omdat ze benieuwd zijn wat er gaande is. Op het laatst rolt de pannenkoek het water in. De vissen hebben een feestmaal.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 24 (archief MI)
Commentaar
14 en 21 april 1978
The Fleeing Pancake
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21