Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ119104

Een mop (mondeling), dinsdag 07 augustus 1979

Hoofdtekst

In stik of hwat hazzen sieten op in plak, in pear kampkes lân fan 'e pleats ôf. Dêr wienen fjouwer mantsje-hazzen by. Ien fan 'e hazzen seit tsjin in oaren: "'t Is moai waer. Sil ik dy ris sizze hwer't ik sin oan ha? Even nei de pleats. De boer hat dêr in soad kninen. Ik wol dêrhinne to neuken."
In lyts hazzemantsje hearde dat. Dy woe ek graech mei. Mar de oaren seinen: "Dû matst hjir bliuwe, dû komst net mei." Mar in âld hazze sei: "Hy mat àl mei. Hy mat it dochs leare." Akkoard - de lytse mantsje-hazze giet mei.
Dêr hippe se hinne. Hup-hup giet it op 'e kninehokken ta. Se stienen dêr foar - dêr komt ynienen in greate Dútse herder oansetten, dy springt har boppe op 'e hûd. Hja sette allegear ôf, sa hurd se mar kinne. Hja fljogge om 'e pleats hinne, twa rounten, de lytse hazze foarop.
Doe sei dy: "Nou neuk ik noch ien rounte mei, dan fordom ik it langer."



Beschrijving

Een stelletje hazen gaat naar een konijnenhok om met de konijnen te paren. Ook een klein haasje krijgt toestemming mee te gaan, hoewel hij nog van niets weet. Bij het konijnenhok jaagt een grote hond de hazen weg. Het kleine haasje rent twee rondjes, maar vertikt het daarna om nog langer dan een rondje te 'paren'


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1191, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

7 augustus 1979

Naam Locatie in Tekst

Dútse    Dútse   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21