Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120001

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Yn Drachten yn in flat wenne in jonkje, dat hiet fan Jan. Jan wie faek ûndogensk. Op in kear hied er wer ris ûndogens west en doe moest er foar straf yn 'e hûs bliuwe. Mar hwat Jan to dwaen hat, dy giet nei boven ta, nei 't balkon. Hy giet op 't balkon stean en hinget oer de leuning hinne. Hy rikket der to fier oerhinne en komt to fallen. Dêr leit er op 'e groun. Dêr komme allegearre minsken by en dy steane om him hinne.
Der freget ien: "Hwat is hjir to dwaen?"
Jan is yntusken oerein kaem en seit: "Dat wit ik net, ik bin hjir noch mar krekt."
Dan rint lytse Jan fuort, it hountsje giet mei him mei. Sa komt er by in stik of hwat strjitmakkers. Dêr bliuwt Jan by stean to sjen.
Dan komt der in plysje oan. Dêr praet er even mei, mar dan skopt de plysje him ûnder 'e kont.
De straters sizze tsjin 'e plysje: "Hwat bitsjut dat? Dy jonge docht ommers neat."
Mar de plysje seit: "Jim ha net heard hwat er tsjin my sein hat. Hy frege my of ik syn houn dekke woe."
Doe fregen de strjitmakkers oan lytse Jan: "Hwerom fregestû dat oan 'e plysje?"
Jan sei: "Dat frege ik him, omdat ik sa graech in plysjehoun ha wol."

Beschrijving

Een ondeugend jongetje dat huisarrest heeft gaat op het balkon staan om over de leuning heen te hangen. Als het jongetje valt, maakt hij zich als hij op de grond beland is snel uit de voeten, een klein hondje met zich meevoerend. Als het jongetje bij een stel stratenmakers staat te kijken, komt de politie aangelopen. Als een agent het jongetje een schop onder zijn billen geeft, vragen de stratenmakers de politie wat dit te betekenen heeft. De agent zegt dat de jongen hem gevraagd heeft of hij het hondje van de jongen wil dekken. Als de stratenmakers de jongen vragen waarom hij dat gevraagd heeft, antwoordt die dat hij altijd al graag een politiehond had willen hebben.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1200, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21