Hoofdtekst
Myn suster fortelde dat gefal by uzes thús en ek by myn swager Aen van Huizen, èk in skipper, dy wie mei myn suster Antsje troud.
Aen en Antsje hienen in feint oan board, dat wie in fremden-ien. Hy wie net gewoan. Hja hienen ek in bern, in famke dat bigoun to kwinen. Doe sei myn suster, dy't by de famylje Westbonk tsjinne: "Jimme matte it kessen fan 't bern iepenmeitsje." Dat dienen se wylst Ruerd, de feint net oan board wie. Dy wie in hiel ein út 'e reek. Ut it kessen kaem in krâns, dy wie alhiel al fol. Dêr sieten allegearre splinters by yn fan 'e kroade, dêr't Ruerd de turven mei kroade en fan planken.
Wylst hja de krâns forbrânden kaem der hastich ien oanrinnen, dy't ynienen efter har yn 't foarûnder stie. It wie Ruerd. En dy wie in hiel ein út 'e reek. Hoe koe dy dêr samar ynienen wêze? Hy sei hymjend: "Hwat is hjir gebeurd?" Doe hienen se de krâns al forbrând.
It bern is stoarn. Hja fortochten Ruerd der fan, dat dy it famke bitsjoend hie. It gebeurde op in kear doe sprong der samar in kikkertsje yn Ruerd syn pipe, doe't dy yn 't foarûnder siet. En 't wie ek samar wer fuort west. Dat wie doe ek in nuver spul. Soks doogde net.
Letter gebeurde der wer ris hwat fremds yn 't skip. Doe wie Ruerd al dea. Se gongen nei Swarte Jantsje ta, de duvelbanster. Dy sei: 't Is ien mei in skaed dy't it docht.
Koarte tiid dêrnei farden se troch de slues fan Rottefalle. Doe stie Ruerd dêr oan 'e kant. En hy wie al dea. Wie dat it skaed, dat it minske bidoelde?
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Wesbonk   
Smoarge Jantsje   
Aen van Huizen   
Antsje   
Ruerd   
Swarte Jantsje   
Westbonk   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Spanjaardsloane   
Aen   
Rottefalle   
