Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121701

Een sage (mondeling), donderdag 20 september 1979

Hoofdtekst

Ik wie sahwat tolve jier ald. Ik soe nei hûs ta en roun fan 'e Suderstasjonswei nei de Kule. Wy wennen op it Skier.
Ik wie noch sa'n foege hûndert meter fan hûs ôf, doe kaem Grytsje Zuidema my tomjitte. Gryt wie in fanke fan sa'n fjirtsjin jier. Ik bleau stean en sei: "Hark ris, sa ropt Eiberts Jap." (Eiberts Jap dat wie Eibert Veenstra syn frou.)
"Ja," sei Gryt, "ik hear it ek." (Eibert Veenstra wenne sa'n twahûndert meter fan ús ôf.)
It minske rôp: "O, myn jonge! O, myn jonge!"
Efkes letter kaem ik thús. Doe sei 'k tsjin heit en mem:
"Hwat wie Eiberts Jap niis ûnstjûr. Hy rôp hyltyd mar: 'O, myn jonge! O, myn jonge!' Ha mem en dy dat net heard?"
"Né", sei mem.
Ik sei: "Nou, ik wol. Gryt Zuidema en ik ha der beide nei stien to harkjen."
De oare deis om in ûre of fiif yn 'e middei rôp Jap deselde wurden. Doe wie de jonge fordronken yn in sleat fuort by har.

Onderwerp

SINSAG 0488 - Weit-hören    SINSAG 0488 - Weit-hören   

Beschrijving

Een jongen en een meisje horen een vrouw klaaglijk 'O mijn jongen! O mijn jongen!' roepen. Het is een voorteken: kort daarop verdrinkt de zoon van de vrouw en roept zij dezelfde woorden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1217, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

20 september 1979
Weit-hören

Naam Overig in Tekst

Skier    Skier   

Grytsje Zuidema    Grytsje Zuidema   

Eiberts Jap    Eiberts Jap   

Eibert Veenstra    Eibert Veenstra   

Gryt Zuidema    Gryt Zuidema   

Jap    Jap   

Naam Locatie in Tekst

Suderstasjonswei    Suderstasjonswei   

Kule    Kule   

Gryt    Gryt   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21