Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121702

Een sage (mondeling), donderdag 20 september 1979

Hoofdtekst

Yn Sweagerbosk wenne in tsjoenster. 't Wie in âld minske, hwat miswoechsen. Hja roun altyd itselde paed del fan 'e Suderstasjonswei nei de Sweagerbosk. Dat wie doe yn myn jongestiid noch in sânpaed. As wy út skoalle kamen en wy moesten har foarby, dan setten wy altyd mei de klomp in krús oer 't paed. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr kin se net oer komme." Hja bitsjoende foaral lytse bern, nei't se seinen. Der kamen dan ien of mear krânsen yn 't fearren kessen to sitten, dêr't it bern mei de holle op lei. Dy krânsen moesten forneatige wurde. Meastal waerden se forbrând.
Hja gongen wol ris nei in duvelbander, dy't har helpe moest.
Der wienen minsken dy leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe hja net yn 'e hûs komme.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Schooljongens op weg naar huis tekenen op een plaats waar zich vaak een heks ophoudt een kruis op de weg. De heks kan niet over een dergelijk kruis heenkomen. De heks in kwestie betovert vooral kleine kinderen. De betoverde kinderen hebben vaak verenkransen in het hoofdkussen. De verenkransen moeten vernietigd worden. Een duivelbanner helpt betoverde kinderen te genezen. Duivelsdrek wordt onder de drempel gelegd om heksen te weren.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1217, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

20 september 1979
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Suderstasjonswei    Suderstasjonswei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21