Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123604

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in húshâlding, dy wenne yn 'e Wâlden. De âldste soan wie Jan. Op in dei woarde Jan 18 jier. Dat stie der wakker by. De beide âlders hienen ôfpraet, it waerd nou tiid dat Jan foarljochte waerd en dat soe dan op syn 18e jierdei mar wêze.
Jan kaem dy moarns fan bêd en syn mem felisitearde him. Hy krige in tút dêrby. Ja, en doe moest se it eins wol sizze, hwant sa hie se mei har man ôfpraet, en sy sei tsjin Jan: "Ik moat dy hwat fortelle. Ja, en ik wyt eins net hoe't ik dy dat sizze mat." Hja krige der in kleur fan, krekt as skamme se der har foar him foar to ljochtsjen. Se sei: "Gean mar nei heit, dy kin dy better foarlichting jaen."
De heit felisitearde Jan ek al tige en doe't er hearde dat mem him der foar oanwiisd hie fan foarlichting to jaen, mar ek h_ skytskoarre dêr tsjin oan. Sok praet fan in heit tsjin in soan, dêr griisde hy hwat tsjin oan. Hy bigoun al hwat yn ûnbigryplike termen to stammerjen, mar Jan snapte der neat fan. Hy waerd wòl tige nijsgjirrich.
"Witste hwat?" sei syn heit op 't lêst. "Gean mar even nei beppe ta en freegje har om foarlichting. Siz mar dat ik it sein ha."
Jan giet nei 't âld-minske ta. Dy filisiteart him en Jan wurdt op fan alles traktearre, hwant beppe is mâl mei him. Mar dan seit Jan earnstich: "Ik kom hjir om foarlichting, beppe. Heit hat sein, ik moest beppe mar freegje."
It âld minske bigjint to laitsjen. "Och," seit se, "it is oars sa moai salang men it noch net wit. Mar fansels, dû bist nou achttsjin jier. Och, hwat ha wy der altyd in wille mei hawn. Ik seach der altyd nei út. Ja it is it moaiste dat der is." En sa praette se mar troch, mar Jan waerd der gjin grevel wizer fan.
"Hwat is 't nou beppe?" frege er op 't lêst ûngeduldich.
"Nou jonge, dan sil 'k it dy sizze," sei se op 't lêst, "mar dû mast net kjel wurde, hear. Dêr bistiet gjin echte Sinteklaes!"

Beschrijving

Als een jongen achttien jaar wordt, vinden zijn ouders het de hoogste tijd de jongen seksuele voorlichting te geven. De ouders schamen zich echter zo vreselijk, dat ze geen woord uit kunnen brengen en de jongen naar zijn grootmoeder verwijzen voor de voorlichting. De oude vrouw begint gelijk enthousiast te vertellen over vroeger en de jongen begrijpt niet waar ze het over heeft. Als de vrouw zegt dat het altijd zo leuk was en dat ze er altijd zo naar uitkeek, vraagt de jongen wat ze nou probeert te zeggen. 'Nou jongen, dan zal ik het maar zeggen', besluit de grootmoeder 'Sinterklaas bestaat niet!'.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1236, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Sinteklaes    Sinteklaes   

Sinterklaas    Sinterklaas   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Wâlden    Wâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21