Hoofdtekst
Sa, 't fé wie yn 'e boat. De mannen fan it graen hienen noch net alles lost. Doe kaem der efkes letter ek noch in oar boatsje mei sekken graen oan. Dat laedden se der ek noch yn. Doe't alles aerdich yn 't evenwicht wie, sei de kaptein: "Sa kin 't wol."
De boat lei flak op 't wetter. Der waerd ôfrekkene. 't Wie tiid om fuort to gean. 't Befel waerd jown: de trossen los en de motor oansette.
Mar de boat woe net fuort. Hy wie to djip laden.
Doe ha se prebearre om fan 'e wâl ôf rûmte to meitsjen foar de boar. Mar dat slagge net.
Doe is de boat kantele. De sekken mei graen fan 'e wâlskant skeaten nei de oare kant ta en guon rekken yn 't wetter. De boat skepte wetter.
De kooplju dy't altyd meifarden wienen net op 'e boat. Dy stienen altyd by de folgjende brêge to wachtsjen, omdat dat tichter by de merk wie. Dêr gongen se dan altyd oan board.
Tafallich wie ek Sterke Hearke yn Grins. Hy stie tusken de boeren by de brêge to wachtsjen op 'e boat. Guon fan it personiel fan 'e boat hienen Hearke sjoen. Dat wienen greate Freark, de machinist, Ealse Postma, de stjûrman en Jelle Witteveen, de kaptein (Jelle oaljekoek).
Ealse gong fluch nei de brêge ta, dêr't Hearke mei kooplju stienen to wachtsjen op 'e boat. Doe't se hearden hwat dêr to rêdden wie, kaem de hiele kloft by de boat, Hearke ek.
De kaptein lei har út hoe't it siet mei de boat.
Hearke biseach it spul ris en sei: "Lit my mar ris sjen. It fé moat der earst út."
Fiif minuten letter hie Hearke 't fé allegearre los ûnder yn 'e boat. Doe't dat der út wie, sei er: "Nou mar ris wer sjen." Hy sette de rêch tsjin 'e boat oan en sa kaem der mear rûmte tusken de wâl en de boat. Dat hâldde er krekt salang fol oant de boat rûm wetter krige en wer rjocht kaem to lizzen.
Dit is wier gebeurd. Ik wie in jonkje fan 3 jier doe't it gebeurde. It hat yn 'e krante stien.
Jan Hepkes fortelde it ús wer.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Grinzer   
Feanster   
Hearke   
Freark   
Ealse Postma   
Jelle Witteveen   
Jelle   
Ealse   
Jan Hepkes   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Grins   
