Hoofdtekst
Der wienen in pear alde minsken, dy hienen in papegaei.
't Wie yn 'e lêste oarloch, en hja hienen dat beest de wurden leard: Hitler, verrek.
Mar doe krigen dy âlde minsken ynkertiering fan poepen en doe hearden dy dat dy papegaei sa altomets sei: Hitler verrek!
Dy poepen wounen har dêr oer op en seinen tsjin dy âlde minsken, hja moesten dy wurden de papegaei ôfleard ha binnen fjouwer wiken, oars krigen se de kûgel.
Dat like dus net sa bêst. Yn har forlegenheit gongen dy minsken nei har doomny ta om ried.
Dy sei: "Ik sil jimme wol helpe. Jim krije myn papegaei en jimmes komt by my. Wy ruilje letter wol wer."
Dat gong oan.
Fjouwer wiken letter stienen de poepen by de âlde minsken foar de papegaei. Siz ris: Hitelr verrek!
De papegaei woe neat sizze. De poepen hâldden lykwols oan.
"Hitler, verrek! Hitler verrek!" rôpen se almar.
Doe sei de papegaei dan op 't lêst: "Gode verhore deze bede. Amen."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Een oud stel heeft de papegaai de woorden 'Hitler, verrek!' geleerd. Als bij de oudjes ingekwartierde Duitse soldaten de vogel deze spreuk horen bezigen, dreigen ze de oude man en vrouw te vermoorden als de papegaai de woorden niet afleert. Het echtpaar ruilt haar papegaai tijdelijk om met de papegaai van de dominee. Als de Duitsers de papegaai later proberen uit te dagen door herhaaldelijk 'Hitler verrek!' te roepen, geeft het dier geen krimp. Als de Duitsers aanhouden, zegt de papegaai tenslotte 'Gode verhore deze bede. Amen'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1252, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
vóór 1970
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Duitse   
Duitsers   
Hitler   
Naam Locatie in Tekst
Gode   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21