Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082802

Een mop (mondeling), vrijdag 14 augustus 1970

Hoofdtekst

Woartels en spek.
Der wie us in jonge, dy syn mem wie in earme widdou. Dêrom tsjinne er by de boer.
Dêr krige dy jonge elke dei woartels foarset.
't Wie yn 'e winter.
De jonge sei tsjin 'e boer: "Ik woe wol dat jo mei de frou oerleinen, dat wy ek us in stikje spek krigen ynpleats fan alle dagen woartels, boer."
Mar de boer sei: "Hwat seistû dêr? Woartels? Spek, siz ik dy."
"Né boer," sei de jonge, "dat wite jo èk wol." De jonge hie gelyk.
Mar de boer woarde lulk en sei: "Ast net seist: - 't is spek - dan kinst opslach opkroaskje."
"Goed, it is spek", sei de jonge.
Mar doe woarde it Maitiid.
Der wie nergens in arbeider to krijen. De boer frege de jonge of er ek in arbeider wiste. De jonge wist wol ien, mar hy praette nergens oer.
Sa rekken hja togearre oan 't klaeimodderstruijen.
Dêr seach de boer ynienen in grouwe kat rinnen.
"Sjoch ris, jonge," sei de boer, "sa'n dikke kat."
"Ei boer, hoe krije jo it yn jou plasse. It is gjin kat. It is in hazze."
Mar de boer hâldde fol en sei: "It is in kat."
"En ik siz: - It is in hazze - En as jo net sizze: - it is in hazze -, dan siz ik jo meiiens farwol. Ik kin wol oars plak krije."
"Goed, it is in hazze", sei de boer.
Doe sei de jonge:
"Toen de wortels veranderden in spek,
toen was ik de boer gebrek.
Maar nu de kat wordt een haas
ben ik de boer de baas."


Onderwerp

AT 1565** - Turnips as Bacon    AT 1565** - Turnips as Bacon   

ATU 1565** - Turnips as Bacon.    ATU 1565** - Turnips as Bacon.   

Beschrijving

In de winter dwingt een boer zijn arme knecht toe te geven dat een wortel een stuk spek is. In een drukke periode waarin hij niet gemist kan worden draait de knecht de rollen om: om te voorkomen dat hij wegloopt moet zijn baas toegeven dat een kat een haas is. De jongen zegt hierop: 'Toen de wortels veranderden in spek, toen was ik de boer gebrek. Maar nu de kat wordt een haas ben ik de boer de baas'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 828, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

14 augustus 1970
Turnips as Bacon

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21